zaterdag 1 september 2012

De frânske Theo

Dizze wike is it WK keatsen yn Fryslân
Dat betsjut dat in ferskaat oan foarmen fan keatsen diel út meitsje fan it programma. Der wurdt muorrekeatst, der is in ynternasjonaal spul, der wurdt Frysk keatst en der is Llargues. Dat lêste spultsje waard freedtemiddei ek op de nije Llargues baan yn Easterein spile. It gie om de poule wêr't Nederlân it opnimme moast tsjin Mexico en Frankryk.
De wedstriid tsjin Mexico waard troch Nederlân mei 5-0 6-0 wûn. Ik haw de wedstriid net sjoen mar haw begrepen dat de muorrekeatsers fan Mexico gjin want hiene en dat sij de twadde wedstriid tsjin Frankryk allinne mar spylje woene at der ek wanten foar harren beskikber steld waarden.
Dat slagge, want yn Easterein is der altiten wol immen dy't in nussie wanten lizzen hat.


De wedstriid fan Nederlân tsjin Frankryk haw ik al sjoen om in goeie yndruk te krijen fan it nivo en om dit WK op wearde ynskatte te kinnen.
Ik wie yn alle gefallen al bliid dat de folkslieten net spile waarden.

Dizze foto illustreart it ferskil fan belibbing fan de ploegen. Op de foargrûn it ergerlike gedrach fan de Nederlânske keatsers om nei alle slaggen elkoar efkes oan te reitsjen. It binne noch krekt gjin high fives.
De koach fan Nederlân, de helpkoach fan Nederlân meie nei elke slach it fjild yn om bemoedigjende wurden te sprekken en om wetter oan te rikken.

Op de eftergrûn yn it blau de reserves fan Frankryk. Wylst de wedstryd al in earst ûnderweis wie kamen de twa reserves oansetten mei .......in broadsje hamburger


En dy hamburger mei alles der oan en der op peuzelen se lekker op yn it folgjende earst, wylst se op de bank neist de koach sieten. De lêste hap waard in grutte hap want de koach hie ien fan de twa nedich. De frânske Theo moast it fjild yn wylst er de lêst hap gau fuort kôge.
Dit WK hie  krekt wat west foar Theo Janssen, no Vitesse. En ik skat yn hij nei ien kear trainen net minder is alle Mexicanen en as de Frânsen op ien nei. Harren man op 5 wie in lust om te sjen.
Oh ja: Nederlân giet troch nei de heale finales

Geen opmerkingen: