zondag 12 juni 2011

Ealsum

Trije jier haw ik in dei te fytsen west yn Dongeradiel. Ek doe woe ik alle doarpkes dêr oan dwaan. Ik wie ferbaasd oer it moaie lânskip en de prachtige doarpkes dêr. Doe't ik thús wie en alle yndrukken ferwurke, hie ik mar fan twa dingen spyt. It earste wie dat ik net in lekker fiskje kocht hie yn Dokkum en it twadde wie dat ik te gau oan it bysûndere fan Ealsum foarbij gien wie. Freed 10 juny haw ik wer in moaie slach op de lisfyts troch Dongeradiel dien yn it ramt fan myn AlleFryskeDoarpeFytsTocht. De doarpkes kamen mij noch bekend foar en it wie in moaie tocht. Myn letterlike hichtepunt wie Hegebeintum en myn figuerlike hichtepunt wie Ealsum. Yn Ealsum haw ik oanstutsen. Op it tsjerkhôf. Gewoan efkes omrûn en hjir en dêr in foto makke. En in stikje bôle iten en wat wetter dronken.



Op Google maps is Ealsum in prachtich plaatsje, mei de rûne foarm en de tsjerke mei it begraafplak yn it midden. In symboal: de deaden bliuwe yn ús midden.
Ealsum (Aalsum) leit hast tsjin Dokkum oan of moat ik sizze Dokkum leit hast tsjin Ealsum oan.



Fanôf de kant fan Wetsens fyts ik Ealsum binnen. De buorden jouwe oan dat de dyk dea rint en dat komt moai út want ik bin sljocht op foar auto's dearinnende diken wylst fytsers gewoan trochgean kinne.



Ik skat yn dat der mear skiep as minsken yn Ealsum wenje.



En sa fyts ik hiel stadich, lizzend op de fyts mei it fototastel yn de hân de lange leane troch nei de tsjerke..... noch in gelok dat alles groeit en bloeit hjoed....



in leane, sa moai, sa symboalysk en wêr't mar net in ein oan liket te kommen



It jout mij in goed gefoel dat der in AED yn de buert is fan it tsjerkhôf en de tsjerke. Sa'n apparaat kin minsken rêde.
Ik sjoch it "alternatyf" oan de oare kant fan it stek stean.



Ik rin wat om, doch in slach oer it tsjerkhôf en sjoch nei de stiennen. Mar mear noch nei de nammen. En miskien noch wol mear nei de data. Ek hjir lizze hiele jonge bern en jonge minsken dy't om ûnbegryplike redenen net âld wurde mochten. Dy't bedobbe binne yn Ealsum, op it "sfearfol" plak. In treast.....



Ik sjoch nei de bysûndere foarmen en bousels en nei it lege gat oan de noardside fan it hôf. No begryp ik wêrom de lykkarre klear stiet.

Foldien ferlit ik Ealsum. It wie de 140 kilometer fan hjoed wurdich. Myn dei hat goed west en binne trije minuten wurd ik wer meinommen yn de drokte fan it ferkear fan Dokkum en moat ik wer útsjen foar jakkerjende auto's.
En myn fiskje keapje....al wer in hichtepunt op dizze dei.

Geen opmerkingen: