donderdag 2 juni 2011

De klim bij Surch



Dit binne myn stoute skuon. Dy doch ik himmelfeartsdei oan. Foar in risikofolle ûndernimming. Dêr haw ik moed foar nedich. Stoute skuon kin dan helpe.
Klimme stie der hjoed op it programma. In flinke klim. In stigingspersintaazje fan 53 % tink ik. Kin ek minder wêze. Of mear. It stiet der net bij.



Myn klimobjekt leit op de romte. Dêr komt nea in minsk. Ik bin dan ek net benaud om ôf te gean. Der is nimmen dy't it sjocht.
It paad der hinne is moai. Oer de Bieren, oer de Himert, lâns Wytmarsum (hoi Jaap), troch Penjum (it wie drok bij de tsjerke en rêstich bij it Mennistesintrum en op it keatsfjild waarden de perken al lein) en dan op nei de seedyk.
Want dêr leit er: de brêge. Of miskien moat ik wol sizze dêr stiet er. In totaal ferlitten brêge.



It paad der hinne jout al oan dat hjir net folle minsken komme. En sa fyts ik op dizze troch Rein Hofstra út Grou ûntwurpen brêge. Gjin famylje, mar dat hie bêst wol kind, want hij mei ek graach fytse. En bij Reboelje bin ik him ek wol in oan kearen tsjinkommen. Der is ien grut ferskil. Ik kin gjin brêgen ûntwerpe en ik soe al hielendal net in nutteleaze brêge betinke wolle.



Ik bin mij myn meast ûnhandige lisfyts op paad en sjoch at ik der foar stean it tsjuster yn. De Sinner mei ûnderstjoer is net sa maklik om heech te krijen en noch ûngemakliker tsjin ta hâlden.



Ik stean yn twifel. Jou oan it thúsfront troch dat ik no bij de brêge bin en fan doel bin de klim te dwaan. Jou oan dat wannear ik binnen it kertier gjin lûd jou, se thús rekken hâlde moatte mei in mislearre poging, mei swiere ferwûningen of mooglik noch slimmer. 112 belje is dan in opsje.
Nei 5 treden en 2 misstappen jou ik it al op. Sakje wêr 5 treden en 1 misstap ôf en draai de fyts. Dit wurdt him net. Soms is it in brêge te fier mar dit is in brêge te heech en te dreech.
Ik gean wer lekker lizzen en fyts in oar paad lâns. Gelokkich hat net ien it sjoen.
Miskien moat ik noch wol efkes tajaan dat ik net in echte klimmer bin.

Geen opmerkingen: