zondag 6 maart 2011

Yn 't Flear

De jonge lêzers ûnder jim seit it mooglik neat: Yn't Flear.
Ik betwifelje ek at der wol âlderen binne dy't dit bekend foar komt. Utsein miskien yn de famyljes de Vries. Want Harry Kornelis, René Carel en Johannes de Vries foarmen ein jierren 70 in groep en sij makken yn alle gefallen ien elpee.
It moat sa west hawwe dat de folkeftige Fryske muzyk mij wol ek al oanstie. Oars kin ik net ferklearje wêrom dy elpee yn myn platekast stiet.
Koartlyn haw ik ûnder oaren dizze elpee op CD sette litten en harkje ik sa no en dan wer nei "Toen ik stond op hoge bergen" en "Djip yn é Wâlden". Fierders steane der ferskate lieten op sûnder tekst.
Omdat der no alle dagen yn it radioprogramma Froskepôle in rubryk is mei de Elpee of CD fan de wike like it mij aardich om dizze elpee oan te melden.
En dy oanmelding hat sukses hân. Yn de wike fan 7 oant en mei 11 maart sil der alle dagen in nûmer draaid wurde fan dizze elpee. En mooglik fdat ik moandei of tiisdei tusken 18.10 en 19.00 oere efkes oan it wurd kom.
En yn myn plakboek fan 1980 fûn ik noch in stikje út de krante. En dat toant oan dat ik se doe optreden sjoen ha yn de Koornbeurs. Moai weromtinken oan it begjin fan Tsjoch, wa't doe Frjentsjip neamd waard.

1 opmerking:

Anoniem zei

Hey Aant,

Yn't Flear wie famylje fan in freon fan my.
Hindrik Jelles is ek skitterend. Haha, wat koene dy mannen in sfearke delsette!
Ik kin net in cd of MP3 fine....
Witsto at d'r soks is?

Groetnis,

Albert