donderdag 28 maart 2019

Sjors Bakker



Ik hie it boek gau út:
it boek oer George Baker en syn Selection.
Net dat it myn muzyk is,
mar bin gewoan nijsgjirrich nei hoe't allegear gien is.

Rutger Vahl hat it skreaun,
sûnder meiwurking fan de haadpersoan.
Hij wol net prate oer bepaalde dingen út syn privélibben
mar fierders strielt it syn ego
dat er immen is dy't  oer him
de "minst wurdearre komponist yn Nederlân"
skriuwe wol.

Dus ûntstiet in boek dat in moaie skriuwstyl hat,
mar basearre is op fan alles wat yn kranten en blêden stien hat
of wat oare bandleden of belutsenen noch fertelle wolle.

Dy oare blêden binne ek de Telegraaf, Story en Privé,
sadat it privélibben seker oan bod komt.
Dy oare blêden binne ek Oor en Hitkrant
en dy hawwe it net sa stean op sok soarte muzyk

Mar leafst in opsomming fan 27 siden
wêr't alle ynformaasje weikomt.

George Baker Selection,
ik haw se nea live sjoen
is in echte hitmasjine west
mei allegear simpele middle of the road meisjongferskes.

Grappich yn it boek is de ferwizing nei Spotify.
Dêr stiet in spyllist op mei 217 nûmers,
allegear mei it bekende deuntsje fan Una Paloma Blanca

Opfallend is ek dat George Baker syn bandleden nea goedgenôch fynt,
se meie dan wol mei optrede (want dan komt it net sa krekt)
mar de platen wurde makke mei studiomuzikanten

In nijsgjirrich boek dat seker.


dinsdag 26 maart 2019

Winter

De iisbaan wer leech
wer in winter net brûkt.
It wol mar net winterje
nettsjinsteande dy jierlikse foarsizzingen  fan ene Pyt,
dy't alle jierren yn novimber ropt
dat der in strange perioade oan sit te kommen

Yn Wommels lykwols
dêr bliuwe optimisten.
Ferline wike noch te sjen.......




vrijdag 22 maart 2019

Ald


In takomstfoto.
2045
Ik sit foaroan
mei gitaar
wylst ik noch net in noat spylje kin


dinsdag 19 maart 2019

Focus


Wat in respekt wie der sneontejûn foar dizze 4 muzikanten
dy't diel útmeitsje fan Focus.
Thijs van Leer en Pierre van der Linden as de âldtsjes
op hammond /fluit en drums
en twa jongere gasten op gitaar.
In bysûndere basgitaar mei 6 snaren.
In bijsûndere jûn wie it mei publyk
dat ademleas harke en folop oan it genietsjen wie.

Prachtige symfoanyske rock
mei klassike ynfloeden.

In drumsolo fan Pierre van der Linden
fan hast in kertier.

In solo op in 6 snarige basgitaar

In prachtige jûn yn Neushoorn

maandag 18 maart 2019

Robbenplaat


Robbenplaat is it thúshonk fan Zeerobben
de 1ste klasser yn Harns.

Keusntgers, dus it gie troch sneon
tsjin Be Quick Dokkum, de klup dy't 1 punt mear hat.

In goed alternatyf foar dizze sneontemiddei.
no't Scharnegoutum 1 - SDS 1 ôflast is.

Hurde wyn, dêr flakbij de waddenkust.
Wol in aardich potsje
en ik haw noflik efkes bijpraten
mei in eardere strider fan Zeerobben 35 +
wêr't wij earder mei SDS 35 +
prachtige wedstriden mei útfochten hawwe

Einstân 2-0

vrijdag 15 maart 2019

Dieder en slachtoffer

Mei mear as bysûndere belangstelling
haw  ik it drama fan Baflo (2011) folge.

Yn it koart.
Asylsiker Alasam hat relaasje mei Grinzer faam Renske.
Op de dei dat hij heard dat hij net bliuwe mei,
nei safolle jierren striid en ôfwachtsjen,
rekket hij yn in psychose en bringt hij Renske
en in oproppen plysjeman om it libben yn Baflo.

In drama, mei in soad fertriet en mei oprjochte spyt.
Dit drama wurdt "moai" beskreaun
yn dit boek 

It ferfolch op dit drama is in bysûnder boek
.Heit Hekman en de dieder (de freon fan syn dochter)skriuwe tegearre in boek oer de tiid dêrfoar, tidens en dêrnei.In yndrukwekkend ferhaalomdat de âlders fan Renske seine: 

donderdag 14 maart 2019

Moai boek mei flaters


In prachtich boek, skreaun op Yslân yn 2014
oerstten yn it Nederlânsk yn 2019

De reservearring dy't ik dien hie,
hat syn nut hân,
want it is de fraach
hoe faak dit spannende boek beskikber is yn de byb

Net alle is goed oan dit oersetten boek.
Steurend binne de taalflaters.
Dy komme je wol faker tsjin yn in boek
mar dizze binne iets te opfallend
en steurend

Ik haw de útjouwerij yn Belgie in mail stjoerd
mei dêryn trije foarbylden.
At se der wat meidogge yn in nije printinge 
dat wit ik net
Ik krige wol in befestiging mei de wurden:

Dag Aant Hofstra,
Dank om dit te bezorgen.
Ik stuur het door naar de redactie van Cargo.

Vriendelijke groeten.


niet geboren maar overleden

bovendien is ben ik     

niet Karl, maar zijn broer Arnar.....


dinsdag 12 maart 2019

Nijenhove

Tusken 1 febrewaris 1979 en 1 septimber 1981
wurke ik yn Boalsert.
As administratyf meiwurker kaam ik op Nijenhove,
de "húshâldskoalle" yn de folksmûle.

It wie in kristlike skoalle
en dat siet dêr aardich djip.

Jan J. Sangers wie de lêste direkteur
dy't ik koart meimakke ha
en hij hat in nijsgjirrich boekje skreaun
oer de hystoarje fan 56 jier


Okkerlêsten haw ik dat boekje kocht
as in herinnering oan dy moaie tiid 
as it begjin fan myn karriere yn it ûnderwiis,
dy't úteinlik hast 40 jier duorre hat

Yn dy tiid dat ik dêr wurke
spile dêr in statutenwiziging,
dy't hiel wat fuottten yn de ierde hie
wit ik noch

Trije leden woene net om lyk
om RK leden ek in plak te jaan
binnen de doelstelling fan de statuten.
Unbegryplik fûn ik dat doe:
dat  trije leden (fan it earste oere)
mei harren "nee"
de wiziging keare koene.
Dûmny moast er oan te pas komme
sa skriuwt Jan Sangers no ek.

Mar,
at ik it boekje no lês
en ik sjoch hokker striid
de kristliken fiere moasten
tsjin de neutralisten en foaral de katoliken
dan begryp ik it no hiel goed.

Katoliken en neutralisten
dy't yn de gemeenterie tsjn stimden 
en dêrmei keare woene dat yn Boalsert yn 1931 
de earste kristlike húshâldskoalle fan Fryslân komme soe.

Letter is al it al foarelkoar kommen
mar net tanksij de katoliken.....

Dat hat lange tiid flink kwea bloed setten.
oant 1980 ta úteinlik
bij trije leden



zondag 10 maart 2019

Ten Years After



Yn 2011 seach ik Ten Years After
yn it Bolwerk yn Snits
In legendaryske band
fanwege harren ferrassend sterke optreden
op Woodstock yn 1969.

Ik skeau der in blog oer,
de oare deis,
om myn entoesjasme kwyt te kinnen

Jim kinne it hjir lêze.

Sneon 9-3 wie Ten Years After yn Iduna
noch altyd mei twa orisjinele leden:
de drummer en de toetsenist

Wat se der no bijhelle ha
op bas en gitaar/sjongen is geweldich:
In linkshandige basgitarist:
Colin Hodgkinson, 73 mar leafst
sadat it liket dat hij noch "orisjineel"is.

Links basse, op dy leeftyd:
it is gjin gesicht,
it eaget wat knoffelich
(at je sels rjochts binne)
mar hij baste as in wit ik wat.....machtich

Nij is ek de sjonger
in jonge hûn mei in entûsjasme,
it wie net normaal
Marcus Bonfanti sleept mei syn stim
en syn geweldige gitaarwurk
de band nei grutte hichte

want de drummer (ek noch mar 73),
dy't wol wat fier fuort siet op it poadium
trommele mei syn moaie jierren jierren 70 kapsel
in lekker strak ritme.

De toetsenist (73)
tsja, dy siet er bij
of siet er efter it tsjerke-oargel
en spile hij de hits fan Johannes de Heer,
op routine

It wie in topjûn
ek al omdat it foarprogramma
mei de Ljouwerter band Electric Hollers
hast elkenien ferraste,  (dus enthûsast publyk)
mar mij net:
ik haw se al meardere kearen sjoen
en it is alle kearen wer geniete fan in moaie sound.

Reinder, wat hiene wij in moaie jûn.......








woensdag 6 maart 2019

Kayak




"Kayak 40 jaar symfonische rock"
is in nijsgjirrich boekje dat ik koartlyn lêzen ha.
Kayak, de band fan Ton Scherpenzeel
en tal fan oaren.
In band yn de marge at ik dit sa lês.
In inkel hitsje en sa no en dan in sukseske.
In soad lijen oer de muzikale rjochting
en te folle wikselingen yn de besetting

In "tûke"belangenbehertiger
dy't der in binde fan makke.
Sûnt 2012 wer op toernee
mei Ton Scherpenzeel noch as ienich lid fan eardere tiden





zondag 3 maart 2019

Beurs

Dit wykein wie de fyts-en rinbeurs,
ús jierlikse tripke nei Utert
It binne foaral hallen fol E-bikes en reesfytsen
en in hânfol gewoane fytsen

Wat in merken,
wat in technyk
wat in fernuft
wat in prizen......

Wij komme foaral foar it
orientearjen op reizen
wylst ús reis al sa wat fêst stiet

Och, je sjogge wat om je hinne
je ite wat je drinke wat
en om in oere as trije is de puf der út


Amelân is de ienige FRyske regio dy't him sjen lit

It fytspromaosjeteam fan Frankryk hie it goed foarelkoar mei ynformaasje per route


Jellie joech noch efkes oan wêr't se ein dizze wike hinne sil te skien

Eastnryk wurdt begryplikerwize foaral promaoten foar fytse mei in E-boke

In fyts fan it merk Puch

in elektyske bernetransportfyts

Woartels binne goed foar de eagen

Hoe sille wij dizze fyts ris neame......Slash dus

In nijsgjiirige útstalling fan fytssjurtsjes

dinsdag 26 februari 2019

26 febrewaris



In bysûndere dei.
26 febrewaris 1986 in 11 stêdentocht op redens
26 febrewaris in fytstocht yn de koarte broek.

Fanút Galamadammen lâns de Moarre op nei Warns.
Dêr pikten wij it prachtige Frysman fytsparkoers op (45 km) en fia Starum werom nei Koudum.
Net folle toeristen mar des te mear fûgelguod.
Wat in feestlawaai yn de loft en op ít lân.
Wat echt opfalt binne de "nee, gjin sânwinning" buorden oeral oan de route en wat tichter bij de kust wat mear fariaasjes yn tekst.
In takomstige rânewei om Warns liket it folgjende aksjepunt te wurden, ek dêr seagen wij talrike buorden stean.
 Piipskoft (of better sein, in slach oer it tsjerkhôf fan Rugahuzen)
en in oplaadmomint (net foar ús fytsen) wie der op it terras yn Aldemardum.
De rêst fan Laaksum kaam oerien mei de rêst yn it oars sa drokke Starum.















Thús haw ik noch efkes opsocht wat ik bewarre ha yn myn plakboek fan 1986:
 "8 miljoen mensen kijken tv",
 sjoch ik stean.
Ik ha dus tv sjoen.
Dan wie dit in bettere dei.







zaterdag 23 februari 2019

It Swalkershûs


Afbeeldingsresultaat voor swalkershus bakhuizen

En dan sykje wij op in tsjustere freedtejûn
yn Bakhuzen nei it Swalkershûs.
Wij steane foar in tsjuster gebou,
gjin minsken op de dyk
en dochs moat it hjir earne wêze.

Wij fine it neidat in frou mei hûntsje
ús wezen hat op it stek
dat ticht liket mar dochs in iepening hat.

Wij binne dêr foar Jed Thomas en band
en binne sawat de earsten.
In moai jongereinsintrum dêr
en gelokkich rint it hieltyd wat foller.

Jed Thomas is in fenomeen op syn gitaar.
Foar de leafhawwers fan de Rory Gallagner eftige sound
is it genieten.

Mear as twa oeren lang bloesrockt hij der op los
mei drummer en basgitarist

Geweldige jûn dêr yn it Swalkershûs yn Bakhuzen.
Kin wol wer ris mei Jed Thomas
en wij kinne it no gelyk fine.







dinsdag 19 februari 2019

It wie op in simmerjûn

Pier 21,
in stichting dy't teaterprojekten realisearret.
wie sneon yn Wommels
mei it stik "It wie op in simmerjûn"

Twa akteurs dy't fjouwer rollen spylje,
it is in keunst liket mij

In prachtich stik
oer âldwurde,
mei alle krupsjes
dy't dan op je paad komme

In stik mei in soad emoasje.
mei humor
en in stik
om noch efkes oer nei te tinken




zondag 17 februari 2019

Sitte

Ik bin net sa'n sitter bij de muzyk
dêrom stean ik mei nocht faak yn it Bolwerk
en siet ik noch nea yn it Teater yn Snits.

Oant freedtejûn,
it langstme om Woodstock the Story te sjen en te hearren
wie grutter as de argewaasje om te sitten bij de muzyk

Woodstock the Story as muzykspektakel
sa stie it op de affysjes.
En wier,
it waard mij dêr in spektakel, geweldich....

Frijwol in folle bak
mei foaral keal en griis fan boppen.

De stimming fleach ús al temjitte bij it binnenkommen
mei Scott Mc Kenzie syn San Francisco

De optredende artysten lieten harren ek gelyk al hearre,
doe't it folk noch bûten de seal stie te wachtsjen.

Noflik joech ik mij boppe del
yn de hoop dat ik goeie muzyk hearen soe en
dat de Woodstock sfearbylden
mij yn in goeie stimming bringe soene

It duorre net lang of it folk wie fergetten
dat se in sitplak hiene.
It waard ien grute meibeweech-,
meisjong-,
meisklap-
en  meijuichfeest

It wie in feest om dêr te sitten
en te sjen nei al dat âlde jongfolk
dat út harren dak gie bij û.o Janis Joplin, Tim Hardin en
foaral bij Joe Cocker en Creedence

In hearlike muzikale sjo
en dolentûsjast publyk
dat fan sitte neat witte woe.

Op ien nei
Ik wie foar it earst yn it teater bij in muzykkonsert
en hie mij ynsteld op sitte.

Want oeral mar meiklappe en meisjonge
dat hat noch nea myn ding west.

Ik haw yn stilte genoaten fan de band,
mar foaral ek fan it publyk dat hielendal los gie

Woodstock the Story
op 25 maaie noch yn Frjentjser te sjen.
in oanrieder....




donderdag 14 februari 2019

Doarferkeap


Wij hawwe in sticker op de doar mei de tekst
"Verkopers niet welkom"
dat wurket prima oant ferline wike.

"Ik haw de sticker wol sjoen
mar ik tocht, jim binne earder klant bij ús west
dus kom ik dochs efkes freegjen at jim werom wolle nei ús,
want ik haw in moai oanbieding"

Dat sei de man fan de enerzjy
dy't him dus neat oanluts fan ús sticker.

It like in aardige man
en de oanbieding sil ik ek wol wer top west ha,
mar wij hawwe gjin gas en elektrysk nedich fan harren.

De folgjende dei berjochte it AD
dat er hiel wat mis is mei de praatsjes fan Nuon
oan de doar

Nee, it briefke wat hij efter litte woe
leit al yn de kontener.