dinsdag 12 maart 2019

Nijenhove

Tusken 1 febrewaris 1979 en 1 septimber 1981
wurke ik yn Boalsert.
As administratyf meiwurker kaam ik op Nijenhove,
de "húshâldskoalle" yn de folksmûle.

It wie in kristlike skoalle
en dat siet dêr aardich djip.

Jan J. Sangers wie de lêste direkteur
dy't ik koart meimakke ha
en hij hat in nijsgjirrich boekje skreaun
oer de hystoarje fan 56 jier


Okkerlêsten haw ik dat boekje kocht
as in herinnering oan dy moaie tiid 
as it begjin fan myn karriere yn it ûnderwiis,
dy't úteinlik hast 40 jier duorre hat

Yn dy tiid dat ik dêr wurke
spile dêr in statutenwiziging,
dy't hiel wat fuottten yn de ierde hie
wit ik noch

Trije leden woene net om lyk
om RK leden ek in plak te jaan
binnen de doelstelling fan de statuten.
Unbegryplik fûn ik dat doe:
dat  trije leden (fan it earste oere)
mei harren "nee"
de wiziging keare koene.
Dûmny moast er oan te pas komme
sa skriuwt Jan Sangers no ek.

Mar,
at ik it boekje no lês
en ik sjoch hokker striid
de kristliken fiere moasten
tsjin de neutralisten en foaral de katoliken
dan begryp ik it no hiel goed.

Katoliken en neutralisten
dy't yn de gemeenterie tsjn stimden 
en dêrmei keare woene dat yn Boalsert yn 1931 
de earste kristlike húshâldskoalle fan Fryslân komme soe.

Letter is al it al foarelkoar kommen
mar net tanksij de katoliken.....

Dat hat lange tiid flink kwea bloed setten.
oant 1980 ta úteinlik
bij trije leden



Geen opmerkingen: