woensdag 21 maart 2018

In mearke

It moat in mearke west ha
foar 4 jonge knapen út Michigan
om foar it earst op toernee te gean nei Europa
en te spyljen yn oeral útferkochte sealen

In mearke dat ik meimakke
wie yn Doornroosje,
in prachtige popseal yn Nijmegen

Tiisdei 20 maart
in dei dy't al geweldich begong
omdat ik foar de fjirde kear pake waard
en in moai ferfolch krige
yn Nijmegen.


Mei Mooon (echt mei trije O's)
in trijemansformaasje yn it foarprogramma,
wie neat mis.
lekkere sang, moaie nûmers  en in prima sologitarist

Oer Greta van Fleet
de sprookjesband
wiene de mieningen nei de tiid ferdield.


It wie net ferkeard,
de gitaar jankte hearlik
de bas en de drums soargen foar in goed ritme
it hammond oargel klonk as fanâlds
de nûmers joegen in lekker sound
mar de krêft en tagelyk de swakte fan de band
is de stim fan de sjonger...

dy kin best wol ris begjinne te ferfelen....
wat skreauwerich en at it lûd net hielendal goed ôfsteld stiet
dan begryp ik dat sommige minsken
nei in pear nûmers wat nei efteren of de bar skowe.

stimbehearsking is miskien in oandachtspuntsje
foar de sjonger
lykas syn presintaasje
dêr moat de ferbazing en it ferlegene der noch wol efkes ôf
om de oandacht fan in grutte tinte op Pinkpop te krijen en te hâlden

Ik wie noch neat yn Doornroosje
en dat is spitich.
want it is in moaie en gesellige popseal
bij it stasjon yn Nijmegen







Geen opmerkingen: