Trije fan ús pakesizzers binne jonges,
ien dêrfan is noch te lyts
om mei auto's te boartsjen.
De twa, Roan en Samme
meie graach mei auto's boartsje.
Doe't ik dat fannewike wer seach
en de tafel folset waard mei auto's
tocht ik wer oan myn bernejierren
thús wiene der allinne mar jonges
dus auto's wie it boartersguod.
ik wie in echte Dinky toys-auto-boarter,
sa stiet mij bij.
dy izeren auto's op in skaal fan 1:43,
dy auto's fan izers,
dy auto's sûnder gelûd
en sûnder ljochtjes
sûnder oandriuwing
de auto's dy't net stikken koene
efkes sykje op ynternet
mei help fan myn herinnering
kom ik de modellen tsjin
dy't wij hiene begjin jierren 60
Geen opmerkingen:
Een reactie posten