It wie jannewaris 2017
doe't in âld kollega mei belle.
Wolsto in jûn meitinke
oer it opsetten fan in skaakblêd yn Fryslân
en miskien kinst dêr wat foar skriuwe......
Sa siet ik yn jannewaris 2017
fuortbij it Cambuur stadion
bij dy âld kollega (Jan Hibma) thús
yn in bysûnder selskip.
Tinkers, skakers of in kombinaasje fan beide
It wie in moaie jûn mei ideeen en foarstellen
mei optimisme en realisme
It wie mij wol dúdlik
dat al dizze minsken
sa "besmet"wiene mei it skaakfirus
dat ik foar mij sels net in goed plak seach,
as net skaker
nei dy iene jûn harsensskrabje oer in opset
haw ik oanjûn dat it ferskil yn harren belibbing
en myn skaakefterstân te grut is
en dat it bij ien jûn bliuwe sil
Ferline wike krige ik it 0 nûmer oerlange
fan dyselde Jan Hibma
tidens in gesellige sit yn in horekagelegenheid yn Ljouwert
64 siden
(dat is in wichtich getal bij skaken,
wêr't ik nea bij stilstien haw,
wat myn eftesrtân al oanjout)
mei prachtige ferhalen....
wêrom ik as jongfeint nea op skaken gien bin
wurdt troch ien fan de skriuwers prachtich oanskreaun
It blêd komt twa kear yn it jier út.... sjoch hjir
Geen opmerkingen:
Een reactie posten