Krekt foar de jierwikseling
makket Omrop Fryslân bekend
dat de sjoch- en harksifer goed binne
Dat sil wol, tocht ik gelyk wat erchtinkend,
Ik hoop dat se mij net meirekkene ha,
want ik sjoch nea (lit ik sizze selden)
en ik harkje sa no en in pear minuten
Dat hat gâns oars,
doe't al myn radio's op 92.2 stiene.
Wêr is it misgien freegje ik mij mar werris ôf?
Net om dy Fryske muzyk,
dy't hast net mear draaid wurdt
útsein wannear it 31 desimber is.
It steurt mij wol hiel bot
dat se dat beslút nommen ha,
mar it is net de reden
ik wurd de lêste jierren sa krigel
fan al dy ien-twaatsjes tusken de presintatoren.
Al dat betiden gnizerich gedoch tsjin elkoar
mei oankundigingen fan folgjende programma,
en oar âldwivepraat
freeslik....
Deskundigen kollega's oan de tafel
en dan opsichtige foarsetsjes jaan.
It is net mear echt....
Ik wurd betiden strontsiik
fan te lange reklameblokken
en te folle Pyt Paulusma.
Ik freegje mij oprjocht ôf
at ik no sa krytysk bin en allinne ôfheakke bin..
Nee dus,
Ik haw ferline wike bij in gelegenheid
mei tritigers en fjirtigers, frege
at se wolris nei Omrop Fryslân seagen of harken.
Nee...wie it stellige antwurd...
Ik haw it freed oan in groep op de man ôf frege:
"net mear", seine myn leeftydsgenoaten
"nea", seine de iets jongeren.
Wa harket dan noch wol
en wêr sit dan dy groei,
at in protte âlderen ôfheakke binne
en jongeren noch net oerkeakelje
fan Radio 2, Radio 538 of Sky radio
nei Omrop Fryslân
Óm jongeren der wol bij te lûken
wie der yn alle gefallen in programma
as dat fan Willem de Vries op freedtemiddei:
rommelich, spontaan en ferrassend
en yn tsjinst fan de livemuzyk
mar nee,
dêr sykje se it no yn plaatsjedraaie
en at iets mij beslúten docht in oare stjoerder op te sykjen
dan is dat it wol.
Moai dat men sa tefreden is
want ik seach in grutske reaksje
fan in meiwurkster fan de Omrop op twitter;
mar ik leau der hielendal neat fan
myn omjouwing befestigt myn gefoel:
it giet net goed
Geen opmerkingen:
Een reactie posten