Foardat ik tongersdeitejûn Neushoorn binnenstapte
die ik noch in slach oer de Wurdumerdyk en de Nijstêd..
Ik koe myn tinzen net los krije fan it lied fan Rients Gratama
wêryn hij sa moai besjomgt
hoe stil en saai it op in doarp wêze kin
"in kûgel troch it doarp jaaie kinne"
sjongt hij yn"jongfolk ha wille"
No hoecht er om mij net sketten te wurden
op sa'n tongersdeitejûn
mar de kâns dat se immen rekke hiene
hie net grut west...
man, man wat in rêst op de offisjele keapjûn
je stroffelje seker net oer de minsken
, at je stroffelje dat is it oer de roppende buorden
"Sale", "sale" raze de buorden
en ek alle oare kreten binne yn it Ingelsk
Yn Neushoorn wie it dizze jûn Belgysk.
Belsgysk bier tapje se dêr altiten al
en no ek twa band út dat lân
Lee Anderson , in hearlik fleurich, ôfwikseljend stikje muzyk |
de Intergalaxis Lovers wie prachtich.... in prachtige presintaasje en sfearfolle ferskes |
de lûdsman noch efkes in grut komplimint jûn:
it lûd wie al wer geweldich goed
Ek de orgranisaasje fertsjinnet
in grut komplimint
al wer om 23.15 dien
sadat de bus om 23.30 mei gemak helle wurde kin...
Geen opmerkingen:
Een reactie posten