woensdag 20 november 2013

Romein

Sneontejûn sjoch ik ris goed om mij hinne. Ik sjoch gelokkich de op- en ôfstapkes as ik fan de hal de grutte seal yngean. Ik sjoch en fiel sûnder te sitten de stive en hurde banken. Ik tink werom oan de tiid dat dat op sneintemoarn in fêst plak wie, yn de tsjerke. ; mei in heale rol pipermunt en twa muntstikken foar twa kollektes. Ik sjoch de hege ruten en de kontouren fan tsjerkemuorren. Ik sjoch gjin houten broek en in tafel derfoar mei blinkende kearsehâlders en blinkende bekers dy't in oantal kearen yn it jier brûkt waarden.
Ik sjoch wol in grut poadium. Mei dêrop twa blinkende drumstellen.
Ik sjoch in in soad lampen dy't amper ljocht meitsje mar foar sfear soargje. Ik sjoch in balkon, mei glês derfoar en smookjende minsken der efter. Ik sjoch in bar en hear de muzyk.
In jûntsje Romein yn Ljouwert. De moaiste popseal yn Fryslân.
Sfearfol, in goed lûd en in breed poadium foar in optimale belibbenis.
De earste band hawwe wij oan ús foarbij gean litten. 
De twadde band begjin krekt: Blackboxred.
At it gepiip foarbij is sette se wer in lekker stikje muzyk del. De fiifde kear dat ik dy band dit jier sjoch en it de ferfeling slacht noch altiten net ta.
Mar wij komme fannejûn foar Claw Boys Claw.
Rock &Roll; Rock sa't it bedoeld is.
Wat in kanjer fan in band en wat in sfear. Jong en âld springt en docht mei. Peter ten Bos wit fan gjin ophâlden en it poadium is him seker net grut genôch want mei in triemikrofoan rockt hij de hiele seal troch. op syk nei foaral froulike fans. In tútsje hjir en in krúpte dêr.
En syn kolbêr, hâldt hij gewoan oan ek al rint it swit him bij alles del.




En it docht mar wer bliken. Sels mei in ribblessure, is it mooglik om fanôf de sydkant alles wol lekker mei te krijen. Noflik publyk, se triuwe en springe en dûnsje mar bliuwe út myn buert. Lang libje de Rock...lang libje de Claw Boys Claw

Geen opmerkingen: