donderdag 28 november 2013

81,52 jier

"Oer de brêge" is it tsjerkeblêd fan de "Protestantse Gemeente Wommels- Hidaard". It is sûnt ferline jier in kreas boekje op A5 formaat. Wij krije it ek yn de bus.
Ik lês net alles mar mei de nammen fan minsken dy't der yn stean is myn ynteresse der meast wol.
Net dat je altyd bliid wêze moatte at je neamd wurde. Fansels de minsken dy't de bernoppas dogge, de minsken dy't de blommen fuort bringe , de foargongers en de autoriders foar de minder mobile minsken steane der yn en dêr is seker neat mis mei De berte fan in soan of dochter en in stel dat trouen giet jout goed nijs.
Mar út it pastoraat is meast ek in soad lijen te melden. De siken en foaral de slimsiken. De rubryk kin hast "kankerje" as kop ha.
Yn it lêste boekje fan dit jier wurdt ek in oersicht jûn fan de minsken dy't betocht wurde omdat sij it tsjerklik jier 2013 ferstoarn binne.
Yn dizze gemeente wiene dat 23 minsken dy't ik meast (fan namme) wol koe. De leeftyd stiet der bij.
En dat makket mij nijsgjirrich.
Yn dizze tiid wurde der troch oerheid en foaral pensioenfûnsen allegear berekeningen dien wêrút bliken docht dat de libbensferwachting yn de ôfrûne 20 jier hieltyd mear opskoot.
Wij wurde âlder en dat is net foardielich foar de pensioenfûnsen en foar de AOW ferstrekker want sij moatte dus langer betelje.
Ik sil sjen at de list fan de 23 ferstoarne minsken in lannelik byld befestigje.

Totaal 23 minsken dy't in gemiddelde leeftyd helje fan 81,52 jier.
Der binne 12 frouen dy't gemiddeld 84,66 jier wurden binne.
Der binne 11 mannen dy't gemiddeld 78,09 jier wurden binne.
De jongste ferstoarne wie in frou fan 46 en de âldste wie in frou fan 96.
Der wiene 8 minsken dy't ûnder de gemiddelde leeftyd fan 81,52 ferstoarn binne.

Lannelik sifers wiene yn 2012:
Frouen helje gemiddeld 83.1 en dat hawwe de frouen fan Wommels ek helle.
Mannen moatte it mei 79.5 dwaan en sels dat hellen se yn tsjerklik Wommels net.




Geen opmerkingen: