zondag 17 november 2013

Ik rekkenje op Google

"God wit en God sjocht alles" waard ús foarhinne ferteld of wiismakke, it is mar wat je leauwe. God sjocht dan miskien wol alles, je hawwe der no sa'n bytsje oan.
Nee dan Google, dy sjocht en wit ek alles en dat fernimme wij alle dagen.
Om in antwurd om in driuwende fraach te krijen rjochtsje ik mij dus no mar ta Google.

Beste Google,
Myn komplimenten foar alles wat jo dogge en kinne. It is in merakel. Dat hiene jo miskien wol net ferwachte doe't je mei dizze hannel op ynternet begong binne. It moat jo in goed gefoel jaan dat je nei al dy jierren sa fier binne dat je alles fan ús en dus ek fan mij witte. Ik haw mij fertelle litten dat jo net allinne myn surfgedrach efter de kompjôter analyseare mar ek it gebrûk fan  myn tablet, myn gps op de fyts en myn tillefoan. Jo hawwe it net dúdlik kommuniseard mar ik bin der wol wis fan dat jo drones hawwe dy't mij hielendal folchje. Dy't sjogge dat ik troch de wike fjouwer dagen nei Snits fyts, dat ik freeds meast in rûntsje om fyts, dat de byb, Jumbo en Murk syn slachterij fêste besykadressen binne op freed.
Jo sille op de bylden ek sjen kinne dat ik freedtejûns Efkes Balje. Dat soks simmers yn Wommels is en yn de hjerst yn Easterein hoech ik jou net te fertellen.
Soene jo spesjaal op myn fersyk op de bylden fan ôfrûne freed sjen wolle. It sil sa om en bij 20.10 west hawwe doe't ik te fallen kaam. Ik hie in oranje hesje oan ek dat hoech ik jo fêst net te fertellen.
Ik gie langút en kaam op myn earm telâne. Gelokkich haw ik in sterke earm mar hiene de ribben iets te folle te lijen.
Ik rekke alle lucht efkes kwyt, dat is ûnderwilens wer goed, mar ik sit wol mei in pear kniesde ribben. En jo litte mij fia de Google sykmasjine witte dat soks hiel ferfelend, pynlik en langduorjend wêze kin.
Ik soe graach oan de hân fan jo bylden in antwurd hawwe wolle op de stelling dy't mij oanrikt wurdt:

"Meeste mensen"vallen" niet door zwakte, maar overschatting van hun "kracht"

It soe mij helpe om yn de takomst de goeie dingen te dwaan en mooglik te foarkommen dat mij soks wer oerkomt. Of sa't immen seit: miskien moat ik op jo sykmasjine wat mear kennis sykje oer de ferhâlding lea en leeftyd.
 
Mei freonlike groetnis
Aant

 
 
 
 

Geen opmerkingen: