zondag 21 november 2010

Dea


Radio is myn ding. "Lâns de line" "mei it each op moarn" en "sport en muzyk" (sûnder van Tunen) geane der bij mij better yn as sûpe. Snein in goeie reportaazje heard oer it fleantúchûngemak fan 50 jier bij Wjelsryp. Yn buro de Vries bij Omrop Fryslân. Makke troch Sjouke Louwsma, in kanjer. In echtpear mei 4 bern dea. Wennen op é romte en dan stoart krekt dêr in fleantúch del. Miskien hiene se wol 80 pounsmiet lân mar nee hear krekt op harren hús. Hoe is it yn Godsnamme mooglik.
Dat fregen se harren ôf. Wêrom? Wêrom? Wêrom? Wie it in teken fan God, komt it troch dy stomme fleanfjild bij Ljouwert of wie it gewoan tafal.
It ferhaal fan Wjelsryp stiet ek wiidweidich yn it boek fan Hinnaarderadiel, skreaun troch Marten L. de Boer. Doe rekke mij dat al. Mar hjoed hearde ik Jan Strikwerda, no fan Easterein en earder myn teamgenoat bij SDS, dy't dêr doe noch mar krekt skoalmaster wie. Ien fan de bern siet bij him yn de klasse. En Jan hie no noch in brok yn de kiel doe't hij fertelde hoe't dat de oare deis gie.
Haw no ek noch efkes yn it archyf fan de LC sjoen. Sjoch en húverje.
De reportaazje is mooglik hjir te hearen.









Bron: archyf LC

1 opmerking:

Anoniem zei

Een oangrypend relaas.Hoe kin die dumny sizze dat dit troch God kaam is. Unferstelbar. De reportaazje wurket net goed, giet oer flechtelingen. gr popko