donderdag 4 november 2010

Top 5

De Fryske top 100 wurdt wer gearstald. Harre jasses. Twa moanne lang wurde wij 84 kear per dei oproppen om te stimmen. En dat oproppen krijt hast in dwingend karakter. It hat neat mei leafde foar de Fryske muzyk te meitsjen. It gearstallen fan de Top 100 fan Fryske muzyk jout mij net in goed gefoel. Der wurdt tefolle promoasje dien út de selde hoeke. Ut fertochte hoeke. Omrop Fryslân en foaral syn meiwurkers kinne it net litte om in stevich stempel te drukken op de rjochting dy´t je kieze moatte. It freeslike liet dat ferline wike makke is troch in ferslachjouwer en oaren skoarde hiel goed neffens it lêste berjocht sneontemiddei. "Hij stiet al op 6", wist Femke emoasjoniel út te bringen. "In topCD" rôp Brons, de ienige 2 wurden dy't der sûnder hakkeljen útbringe kin. En de bij mij net echt populaire Geert van Tuinen, dy ferwiist noch mar in kear nei dy "geweldige muzyk" fan Griet Wiersma, dy Twa, Lays, Rintsje Kas en foaral nei de Wiko's. Fertocht? Hoe kom ik der bij.
Ik stjoer dit jier gjin top 5 yn.
Dat fyn ik sneu foar
Doede Bleeker mei "Myn eiland",
Ernst Langhout en Johan Keus mei "Foar altyd jong",
Sytse van der Werf mei "Donkere kralen"
Reboelje mei "Sielesiik"
Wiegel's Wjukkelmasine mei "Yn de rein"

1 opmerking:

Martsje de Jong zei

Goejûn Aant,

Ik bin tige bliid te lêzen dat ik yn dit stik fan saken in kameraat fûn ha. Ik wegerje ek út prinsipe om mei te dwaan oan dizze ûnsin. De moaiste frysktalige nûmers steane net iens yn'e 'groslist', dus komme sawiesa al net yn'e beneaming foar in fatsoenlike klassearing. Ik ha ea besocht Irolt (kattekwea) yn'e listen te krijen, slagge net. Itselde jildt foar Kat yn't Seil, Okke Hel en Rients Gratama. Jout my gjin bliksem. Ik doch net mear mei.