donderdag 19 november 2020

Trochtraapje nei Lollum, Wommels, Makkum en Wûns

 Keunst en fytse dat is myn tema yn novimber.

Dus ek no wer trije dagen trochtrape. 

16-11 nei it Ingelske doarp Lollum

Yn Lollum stiet in oarlochsmonumint

Ik haw dêr al ris earder oer skreaun.

Dat kinne jim hjir lêze




17-11 nei de Freule yn Wommels

In moai ein fytst en útkomme yn Wommels

Op de Terp stiet de Freule.

Sij is de grûnlizzer fan de Freulepartij, 

in jongeskeatspartij om gouden klokjes.

Sij soarge foar de Freulewenten 

12 karakteristike hierwenten bij it keatsfjild

Sij is de oanlieding dat er in Freuleleane is yn Wommels

en de oanlieding foar de jûn fan de Freule

it (reuny)feest fan Wommels en fiere omkriten




18-11 nei Wûns 

Mei in hurde wyn tsjin

fytsten wij it lûd fan seefûgels en guozzen temjitte

Wat tichter bij it wetter wat mear gekrijs

Wûns , in moai momunint as oantinken oan de Kanadezen

dy't foar ús frijheid fochten ha en dêrbij omkommen binne





18-11 nei Makkum

Yn Makkum ek twa oarlochsmonuminten

twa bijsûndere keunstretondens.

2 kleurrike gevelstiennen yn it Waachgebou

en Westenwind, in byld op de dyk




















dinsdag 17 november 2020

Beam


 Dêr stean je dan op de Littenserbuorren

mei in krúske op de bealch.

Dan witte je it wol.

It is dien, it is oer, it is foarbij.

Oer net al te lange tiid

wurd ik hjir weihelle

mei grof geweld

tsjin de flakte.

Itselde lot as de buorbeammen

dy't folle earder hjir wei moasten.


Mar ik haw hope

dat der wat foar yn it plak komt,

dat myn fierstentegrutte gemeente

in beam fuorthellet 

en der twa  nije beammen plantet.

Der is plak genôch



zondag 15 november 2020

Trochtraapje nei Gau, Ysbrechtum en Baard

12-11 nei Sibbeltje fan Gau

Yn Gau stiet Sibbeltje,

Sibbeltje Gjaltema.

Sij sjocht út op de tsjerke fan Gau

wêr't har tinkstien ynmitsele is.

Sibbeltje liet bij har stjerren jild efter

wêr't de earme bewenners fan Gau, Goaingea en Offenwier

mei kryst 8 pûn bûter en in krintebôltsje fan krigen.





13-11 nei Brechtje, Theuntsje en Tjaltsje yn Ysbrechtum

Yn Ysbrechtum steane trije froulju
wêr't trije doarpkes nei ferneamd binne
sa giet it ferhaal:
Ysbrechtum, Turns en Tsjalhuzum

Ek yn Ysbrechtum in oantinken
oan it reedriden en tusken Snits en Ysbrechtum
leit it Douwe Tamminga lân








15-11 nei de Baarderkat

Leons en Baarders koene earder net sa goed meielkoar.
Leonsers waarden de hûnen neamd en de Baarders de katten.
Se koene as hûnen en katten

Sneontemoarn, bij it lemieren fan de dei
fytste ik nei Baard







vrijdag 13 november 2020

Locked and Live

 It is wat stil mei de live-muzyk,

ús lêste konsert wie yn Vera bij de Paceshifters.

It wie sneon 10 oktober en dêrnei wie it dien

mei ús tripkes mar ek mei optredens fan the Paceshifters.

Op 26 novimber gean se wer los

in livestream, te folgjen op ynternet.

Utstjoerd fanút Hoogeveen.

Ik wit net at ik dêr allinne foar sitten gean.

Ik mis bij livestreams  de sfear en de belibbenis.

Mar.....

Wij ha gelok.

Der meie 16 minsken bij wêze yn Hoogeveen

Wa't dy't 14 oaren binne wit ik net, 

mar Tsjeard en ik binne dy 2.

In moai foarútsjoch


On the 26th of November we will be doing a "Locked and Live" live stream.

It's a pay what you want livestream, so if you wanna support us through these times this is your chance:)

LIVE STREAM TICKETS HERE

If you're Dutch and you wanna attend to this show, please read below.

Bij deze show mogen 16 mensen live komen kijken (locatie: Het Podium in Hoogeveen). Dit zijn er niet veel en daarom delen we deze link alleen met jullie. Je hebt hiervoor een wachtwoord nodig. 

Tot dan!!

X PACESHIFTERS

woensdag 11 november 2020

Vendée Globe

Ik hie der noch nea fan heard,  de Vendée Globe.

In solosyltocht rûn de wrâld, mei de klam op solo.

44.000 kilometer sile , allinne, 

mei ek noch allegear beheiningen.

Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Moandei binne der 28 mannen en 5 frouen fan start gien

fanôf de kust yn Midden Frankryk.

De race is ien kear yn de 4 jier 

en yn 2016 die der in Nederlânner mei.

Sjoch dit ûndersteande filmke en jim begripe wat dit ynhâldt


It is no 2020

en ik sit der alle dagen wol in pear kear nei te sjen.

De race is prachtich te folgen

mei in prima track programma.

Klik op it plaatsje hjirûnder en jim krije byld.

Yn- en útsoeme is mooglik

en brûkt foaral de knoppen oan de rjochter side

omdat dêr de wyn gegevens ek yn byld komme.



dinsdag 10 november 2020

Trochtraapje nei .... Aldegea, Littens en Burchwert

30 dagen nei in doarp fytse

en dêr in foto meitsje fan in keunstwurk,

dat makket novimber ta myn keunstmoanne.

En dat allegear ûnder de it begryp "trochtraapje".


8-11 Aldegea (Súdwest Fryslân)

1.  It bûterfabryk

Yn Aldegea in prachtich paniel dat de herinnering yn stân hâlde moat fan it feit dat er in bûterfabryk yn Aldegea stie, De fabryk is yn 1963 sluten en de molke gie doe nei Boalsert










2. De fûgel

Yn it midden fan it doarp Aldegea ek noch in greidefûgel.
Ik neam it mar efkes sa, want at ik hjir delset dat it in skries is, kin it wêze dat ik it ferkeard ha, want fûgels ik haw der net folle doel oer. 
Ut de ûnndersteande tekst dy't er bij stiet, wurd ik ek net wizer wat it no krekt fan fûgel is



9-11 Easterlittens

1. It pealtsje

It pealtsje fan Easterlittens, wêr't de skuonmakker fan Littens fia in omwei (Amsterdam) stjonkend ryk waard omdat der in tsjettel mei in hiel soad jild ûnder bedobbe siet





2.  Merke

Dit keunstwurk fan Visser stiet oan de Froonackersdyk. 
It is prachtich betocht mei de útsnijde bisten omgekeard oan de efterside. 
It gedicht giet oer de merke




10-11 Burchwert

Dichter Tsjêbbe Hettinga kaam fan Burchwert en as oantinken in moaie sin út ien fan syn gedichten:

Jonge, leave jonge,

Rop mij, rop mij

werom, werom


.


zondag 8 november 2020

Fleurich

 

Sa'n 31 jier lyn,

siet har mem yn diize bernejister.

Wij neamden har ús fleurtje,

want laitsje en wille meitsje wie har ding.

Mei Brecht is it al net oars:

wat bringt dy Brecht in fleur yn ús libben.....

It wie in moaie oppasdei juster


zaterdag 7 november 2020

Sinne en skaad

 

At de sinne sa moai is moarns betiid
dan kinne je moai mei it skaad boartsje

Skrok 7-11-2020 om 8.30 oere

vrijdag 6 november 2020

Trochtraapje nei.....Kimswert, Harns en Wjelsryp

 30 dagen nei in doarp fytse

en dêr in foto meitsje fan in keunstwurk,

dat makket novimber ta myn keunstmoanne.

En dat allegear ûnder de it begryp "trochtraapje".


4-11 nei Grutte Pier yn Kimswert




5-11 Nei  Rikus en Walle Geertsje  en tal fan oaren yn Harms

Walle Geertsje

Rikus Poes

Vrouw met duiven

Joris met de draak

Duende

???????

Liggende vrouw

it jonkje

de tobbedûnser

Tjerk Hiddes

Tjerk Hiddes
Matthew May


Anton Wachter

Hotze Schuil


6-11 Nei de fjurkemiger fan Wjelsryp




woensdag 4 november 2020

Wat in tekst

 At de hjerst sa wreed weinimt wat de maitiid makke hat,

wêr is dan de simmer bleaun?

Bringt de winter ús wer ljocht

wêr is ús wille, wêr is ús nocht.


Dit stikje tekst stie boppe yn in rou adfertinsje

fan in jonkje dat mar 1 dei libje mocht.

Unfoarstelber leed foar dy famylje

en dan sa'n ferskuorrend moaie tekst der bij.




dinsdag 3 november 2020

Monuminten

Novimber stie earder faak yn it teken fan

it monumint fan de moanne.

Keunst dus en dat sochten wij meast ek op

bij de keunstmoanne op Amelân.

Dit jier net: koroana.

Dêrom yn it ramt fan de keunst 

en it projekt trochtraapje

fyts ik 30 dagen fanút Wommels nei in doarp

en meitsje dêr in foto('s) fan in keunstopjekt

At it kin, in byld fan in persoan of bist

en oars is der oars wol wat keunstichs.


1-11 de twa oksen yn Nijlân



2-11 Gysbert Japiks yn Boalsert

Gysbert Japiks yn Boalsert


3-11 Pim Mulier, master Gysbert en Menno Simons yn Wytmarsum