woensdag 22 augustus 2012

In wike werom -diel 3

Op woansdei 15 augustus wie it wer waarm.
Wij hiene de jûns te foaren al in slieplak socht yn de buert fan Brummen.
Op wei foar ús tredde dei rûntsje Iselmar: fan Wijk bij Duurstede nei Brummen.




Sa sitte wij op ús tredde dei  oan it moarnsiten, mei in aaike fan al wer in eigen hin, mei de net eigen makke de Ruyter sjem.....

....en mei goeie rie op de keukenwant

......mei in resept op de keukenwant

en dêrnei ferlitte wij Leuterveld op de Rijndyk bij Wijk bij Duurstede

gean mei in pontsje nei de iene kant

mei in pontsje nei de oare kant

sjocht Kesteren ús foarbij fleanen

.....kieze foar Heteren en Randwijk

drinke kofje en sykje skaad yn Heteren

gean bij Huissen oer de Isel, mei in pontsje fansels

sykje ús paad neist de Isel rjochting Doesburg

remje wol foar skiep

gean nochris mei in pontsje, no nei Dieren

gean op syk nei ús sliepadres yn it Bosk bij Brummen

en krije plak yn in ferboude skuorre mei eigen keuken en wensliepkeamer
en in Feyenoord stikker op de doar.
Nei de brûs is der tiid om efkes lekker bij te kommen yn dizze rêstige omjouwing. Tiid om in boek te lêzen en fansels foarút sjen nei de 4de dei.

dinsdag 21 augustus 2012

In wike lyn (diel 2)

It is tiisdei 14 augustus. Us twadde dei. Wij wolle hjoed nei Wijk bij Duurstede.
Wol troch Amsterdam , mar net troch Utert. Dat hat syn reden. Amsterdam is in geweldige fytsstêd, miskien dat Utert dat ek nochris wurdt.
De Amstel en de Vecht binne ús paadwizers





en sa sitte wij tiisdeitemoarn bij it moarnsiten mei farske bôle, in aaike fan eigen hin en oan de eigen makke sjem fan reade- of swarte beien. Fansels fyn ik it de swiete kant it neist .....

Poes "sjocht ta" at wij ite. Poes sjocht der goed út

It begjint al wer moai waar te wurden at wij troch in moaie doarpke Durgerdam fytse

fan te foaren hawwe wij útsocht op hokker plak yn Amsterdam wij oermoatte fan de Suderseeroute nei de Flevoroute


Al gau fytse wij troch Amsterdam, wêr't mear frijlizzende fytspaden en routes binne as yn Snits.


En at it net frijlizzend is, dan dogge se der gewoan in pear kontainers om hinne

Yn Amsterdam de Amstel fine is net dreech en dan is it in makkie om de stêd op moaie wize te ferlitten


sa sykje wij ús in wei fia Nieuwersluis en Abcoude
Nei de Amstel sette wij ús tocht troch lâns de Vecht. Gelokkich binne hjir wat beamkes want it is al wer smoarhyt

Bij it djoere Breukelen ferbaze wij ús oer de grutte kastielen

Krekt foarbij Wijk bij Duurstede is ús útfanhuzersadres foar ien nacht. In pleatse wêr't de boer noch wat  buorket en de boerinne in boeregolfbaan yn behear hat

In kreaze keamer mei eigen brûs en húske  en frij útsicht oan de Lekdyk ta

en frij útsicht oan de Lekdyk ta



maandag 20 augustus 2012

In wike lyn- diel 1



In wike lyn soe it moai waar wurde.
Wij hiene der betrouwen yn en namen it beslút om 5 dagen  lizzen te gean op de fyts.
In grut rûntsje Iselmar dan mar.
In byld ferslach want op it stjoer fan de fyts sette ik myn kamera.


sa sjocht it der út bij Wommels oan de Boalsertertrekfeart

altyd in waarm gefoel at wij troch Hichtum fytse.
Mei wille ha wij dêr wenne en twa fan ús bern binne dêr berne

 yn de Warkumertrekfeart wie it drok

Bij Warkum hawwe se der foar soarge dat wij net mear dy hiele hobbelige stêd troch moatte, mar no bûtenom kinne. It wachtsjen foar dizze brêge heart der no ek bij.

Bij Hylpen oan de seedyk

in kleurike kamper

Molkwar wurdt wol omskreaun as in earder doalhôf mar wij koene de dyk nei Starum samar fine.

It froutsje fan Stavoren stiet foar it Drank en Spijslokaal "de Visserman", wêr't ús eardere buorlju Jaap en Regina de septer swaaie. Helaas wiene se ticht op moandei.

Hjir sit ik op de boat fan Stavoren nei Enkhuizen en tink al nei hoe't ik de ekstra kosten fan de boat foar de lisfytsen werom helje sil.

It skûtsjesilen bij Stavoren folgen wij dus op see
 
en it waaide stevich

Jellie hat twa brillen op dat hat se gewoanwei net
  
lekker fan de boat ôf , fytse....

Under plysjebegelieding troch Hoorn
de poarte troch

de kermis oer.....

troch Scharwoude hinne

En Schardam fansels

Lâns wat kij...

lân de toeristen op de Dyk fan Volendam

In pleetsje bij de Monniken

en dan konstateare wij dat Amsetrdam wol hiel keal begjint


ús sliepplak is bij Freonen op de fyts yn Holysloot

sa sliepe wij op in souderkeamer tusken de potten sjem

zondag 19 augustus 2012

Rûntsje Greidhoeke





Sneintemoarn, foardat it hyt wurde sil, efkes relekse op de ûnderstjoer lisfyts.
In rûntsje Greidhoeke fia de Bieren, Hichtum, Boalsert, Nijlân, Turns, Reahûs, Rien, Itens en Wommels.
Mei muzyk op de MP3 fan Dropkick Murphy, Pink Floyd, Peter Koelewijn, the Pogues, John Prine, Motorpsycho en the Frames



zaterdag 18 augustus 2012

5,60 euro

It sil in jier as acht lyn west ha, dat wij mei in ploechje lisfytsers op in moaie snein in heal rûntsje Iselmar diene. Hinnereis oer de Ofslútdtyk en werom mei de boat fan Enkhuzen nei Stavoren.
Wij kochten der yn Enkhuzen in kaartsje bij foar de fyts en stapten op de boat.
"Ho", sei de man mei de kapiteinspet op dy't ús opfong bij de rinplanke. "Jo hawwe it ferkearde kaartsje, foar in lisfyts jildt in taslach".
No binne der lisfytsen en lisfytsen mar dy fan mij en myn frou hat in soad fan gewoane fytsen. Sij binne krekt 15 sentimeter lnager, sij eagje as in gewoane fytsen mei in konfortabel sadel (lisstoel) en passe gewoan op in fytsenreke efter op de auto.
Ik besocht doe de diskusje oan te gean mei de petman mar dat hie gjin sin. Bijbetelje of fan de boat ôf en avenseare graach want se woenen hast fuort. Bijbetelle dus.
Acht jier lang haw ik net wer op dy boat west. Alle kearen bin ik de Ofslútdyk oer fytst. Prinsipe kwesty.
Moandei soene wij nei Holysloot ( krekt foar Amsterdam) op de fyts. De boat fan Starum nei Enkhuzen like ús wol wat mar allinne at de lisfyts gjin útsûndering mear wie.
En warimpel  it belied like oanpast. Fytsen en lisfytsen wurde noop de webside as gelyk oanjûn.
Wij beslute oer Stavoren te gean en ik keapje twa kaartsjes foar de fyts bij in fromminske efter de baly. Twa persoanen en twa fytsen.
"Hawwe jo ek in karke", freget it fromminske.
"Nee", jou ik oan.
Ik krij twa kaartsjes en wylst ik dy yn myn bûs stopje, komt de baas oansetten en seit mei in Dúts aksint tsjin it fromminske: "Er staan ook karretjes en ligfietsen op de kade".
De fromminske jout oan dat se dat sjoen hat en dat se de minsken der nei freget.
Yn al myn earlikheid jou ik oan dat wij mei twa lisfytsen de oerstek meitsje mar dat ik op de webside sjoen ha dat fytsen en lisfytsen no gelyk binne yn priis.
De twifel slacht ta bij de man mar it fromminske wit fan gjin wiken. "Het staat er dan verkeerd op, ik weet zeker dat voor ligfietsen een toeslag van toepassing is".
De man twifelt noch altiten en stelt foar om de petmannen fan de boat te beljen en te freegjen hoe't it no krekt sit.
"Niet nodig "seit it fromminske en tovert twa nije kaarten út har printer wêrtroch ik 5,60 bijbetelje moat.
Ik haw gjin sin om oan it begjin fan dizze fakânsjereis allegear drege diskusjes te fieren oer myn rjocht mei sa'n fromminske dy't it allegear better wit, hoewol se in pear kear oanjout dat "zij het ook belachelijk vindt dat voor een ligfiets een toeslag geldt".
De lisfytsen komme op de boat en stean gewoan yn de selde rige as de gewoane fytsen.
Wij beslute gjin konsumpsjes te brûken op de boat. Wij sille se wol krije.
No bin ik wer thús. Sjoch nochris op de webside en sjoch it noch altiten stean sa as it der stiet.
Ik haw justerjûn gelyk in mail stjoerd nei de VVV fan Starum en de boatmaatskippij.
Haw harren in banknûmer opjûn wêrop se de 5 euro 60 eurosint oermeitsje kinne.
Ik gean no foar myn rjocht.
Ik bin benijd, mar haw in lange adem en noch 14 dagen fakânsje om dy 5,60 binnen te heljen.

Taheakke 1:
 De VVV Starum reagearde binnen 20 oeren op myn klacht.  Sij hawwe harren ekskuses oanbean en moasten tajaan dat ik tefolle betelle ha. It belied wie yndie feroare: in lisfyts is in fyts. De kommunikaasje mei de frijwilligers wie net hielendal goed gien.
Sij hawwe de rederij op de hichte steld en hoopje dat dy it mei mij ôfhannelje. Ik bin benijd.

Taheakke 2:
Waar gewerkt wordt worden fouten gemaakt.
Wij maken het teveel betaalde aan u over.

Met vriendelijke groet,
Anne Veenma
Rederij V&O


woensdag 15 augustus 2012

Aso parkearder

At je dan sa graach ticht bij de yngong parkeare wolle, kom dan op de fyts en blokkear net de trochgong foar fytsers.

maandag 13 augustus 2012

Noflike teamdei

It wie juster  in fleurich gesicht dêr oan de râne fan Easterein. In hiel parkoers mei opblaashindernissen fleure de boel aardich op.
In team dei organiseaare troch @Noflik Easterein.
Net elkenien bleau droech mar dat makke neat in wie prachtich droechjend waar.

zondag 12 augustus 2012

Skûtsjesilen

It treft net faak dat de heechste boie bij it skûtsjesilen sa ticht bij de wâl en it publyk lei. Yn Hylpen bij de YFKS hiene se sneon it gelok mei. It wie in machtich gesicht sa ticht bij de skûtsjes lân kamen en it bleau oan it lêste slachje tige spannend. It wie in genot om dêr op de seedyk te sitten.

zaterdag 11 augustus 2012

Jan Giro

Yn 058 libbet de popmuzyk. Dat is mei in fertsjinste fan Podium Asteriks. Sij sogge en gripe de kânsen dy't der binne om wat nijs del te setten.
Hjoed (sneon) is op it Olderhoofster plein Into the Grave, in metal festival. Ik haw begrepen dat der al tûzenden kaarten yn de foarferkeap oan de man/frou brocht binne.
Omdat it poadium der dochs stiet, omdat it plein dochs ôfsetten is en omdat Asteriks wol sin hie yn in muzykfeessie waard it festifaltsje ût de grûn stampt.
Under de namme Olderock waard in earbetoan dien oan Jan Giro, de legendaryske Ljouwerter rockenroler. Syn eardere mei muzikanten waarden optrommele om in hearlike "Jan Giro"sjo del te setten.


Foarop it poadium lei in grêftûke en op de eftergrûn hong in libbensechte print fan in piano spyljende Jan Giro. Sa wie hij der in bytsje bij en ademe it wierskynlik de Jan Giro sfear út.
In gesellich optreden wêr 't hearlik swingd waard op de rock en de roll.


Foarôfgeand oan de tribute oan Jan Giro wie de band Undercover. Sij diene in poging om it publyk yn in Stones sfearke te bringen. Dat slagge mar matich. Der wie gjin stim fan Jagger en it wie allegear wol wat leaf. Fansels wie der herkenning (Satisfaction, Jumping Jack Flash) mar it echte hantsjeklap bleau út.



Mar oan healwei sânen bij it earste lûd fan Physical Graffitti wie myn jûn al mear as slagge. In super Led Zeppelin Tribute band. Robert Plant hat syn gelikense fûn yn sjonger Andrew Elt.
De eagen ticht en it einepikefel strûpte oer myn fel. Wat in machtige oere Led Zeppelin.
En at ik op de webside fan dizze band sjoch dan bin ik bliid dat ik hjir wie want dizze band is foaral op toernee bûten Nederlân.

Underwilens wie it flink drok en foaral gesellich wurden op it plein.
De ôfsluter wie de Tribute Cash band "Def Americans"
De lêste twa jier bin ik al flink ferwend mei Cash muzyk (Boys named Sue 4 kear, Fryske Cash 2 x) mar dit giet der ek wer yn as Cash.
It cashte wer âlderwetsk en in June Carter Cash der bij makke it wer krekt efkes oars.

De Aldehou jout de tiid wol oan mar in klok slacht der net mear, oars hie ik sizzen kinnen dat om klokslach 11 oere it  tige slagge festival dien wie. Mar leafst 1300 man/frou soargen foar de gesellichheid.
Werom nei de auto. Dy stie ...hoe koe it ek oars bij it (jan) Girokantoar.


vrijdag 10 augustus 2012

Gjin kweapraat oer de freule

De Freulepartij fan 2012 sit der wer op. It wie troch myn bril sjoen in slagge dei. Der wiene in protte bekenden, it wie moai waar, der waard betiden spannend keatst en der wiene sa as altyd winners en ferliezers. Ek it feest om de Freuele hinne, mei draaimolen, oaljekoeken,, fisk, bier, bier en bier koe hinnebruie.
Mar it bliuwt fansels wol de fraach at ik it allegear wol goed sjoen ha.
At ik it wol objektyf besjoen ha.
Dêrom wachtsje wij yn grutte spanning op it Kweapraat op www.kaatsen.nl.
De objektive skriuwer sil noch  in pear dagen wachtsje ( hij moat noch efkes oerlizze mei syn stipefeint Fokke, hij hopet op in soad objektive tillefoantsjes en objektive meeltsjes fan oaren) en dan kinne wij wer genietsje fan in objektive miening fan ien fan de twa echte keatsleafhawwers  (Fokke is de oare) fan Fryslân, wat sis ik fan de hiele wrâld.
Wij hope dat hij it net slim fûn dat de auto wat tichter bij it fjild stean mocht (it lân wie te wiet), mar dat is fansels mar de fraach: in eintsje rinne foar en foaral nei it keatsen is in goeie saak om it objektive kweapraat al fêst op te buorreljen.
Wij hope fansels net dat hij en Fokke tefolle op de sige sitten hat, te lang yn de sinne sitte moast en dat sij lêst hân hat fan it buike. Of fan de parapluus dy't omheech stutsen waarden mar net te sprekken, want dan krije de parapluophâlders der flink fan lân frees ik. Want wêz no earlik dat binne dochs gjin echte keatsleafhawwers sa as hij en Fokke.
De list sil ek net oan syn objektyf each ûntsnappe. Koe hij út de wei mei sa'n boekwurk en hawwe hij en Fokke net in pear flaterkes fûn.
Of like it rissultaat fan de lotting te folle op dy fan 1957 en sil hij him mei Fokke net ôffreegje at it wol doocht mei al dy nûmerkes en de briefkes op in sneontejûn yn it kafee fan Wommels?
Lit ús ek hope dat hij op tiid kofje hân hat mei genôch sûker en molke (of krekt net) want oars kin der wol in streep troch de oantsjutting "in goeie Freule".
Wij rekkenje der op dat it bestjoer him en Fokke in plak jûn ha mei goed sicht op it fjild en dat se net murken ha dat der ek oare taskôgers wiene. Want der is ferskil tusken dizze twa mannen en al dy oaren dy't gewoan gjin keatsleafhawwers binne.
It sil him yn alle gefallen as tongerjen yn de earen klonken ha doe't der wer klapt waard foardat der opslein wurde moast. Om in partoer op efterstân oan te moedigjen.
Hat er wer argewaasje hân oan koaches, dy't it te folle of te min harren jilde lieten en it dus nea goed dwaan kinne?
Hat er wer argewaasje hân oan dy doarpkes mei opslaggers dy't krekt of meastal krekt net ynkinne?
Hat er goed sicht hân op de meneuvels fan de bobo's út it Fryske Haachje?
Nei wike woansdei sille wij it wer witte want foar dizze cowboys is it alle woansdei "kneppel" woansdei.




woensdag 8 augustus 2012

Lêze foar de Freule

Op de jûn foar de Freule wurdt der foarlêzen bij de haven yn Wommels. In moai barren. Trije kertier harkje nei immen dy't alle war dwaan moat om de briefkes yn de goeie folchoarder te hâlden, soms ferskûle stiet ûnder in paraplu en soms yn it ljocht stiet fan de delgeande sinne.
It wie dêr altiten in tsjuster hoekje tusken de beammen bij de haven mar in kealslach hat syn wurk dien.
Der binne de ôfrûne jierren al hiel wat pommeranten yn Wommels west en it oantal besikers is troch de jierren hinne ek aardich oprûn.
Justerjûn wie it Folkert Sijbrandij dy't foarlêze mocht.
Sijbrandij is hikke en tein bij de Kliuw en at je it oer de Kliuw ha, dan giet it oer Tsjerkje Huitema de kroechbazin dêr.
Hij socht efkes nei in oerienkomst tusken de Freule Clara de Vos van Steenwijk en de freule fan de Kliuw, mar fierder as it jiertal 1903 (bertejier fan Tsjerkje en it jier dat freule Clara de Freule ûntstean liet) kaam hij feitlik net. It gie foaral oer it libben fan Tsjerkje.
In moai ferhaal wêr't in goed byld del setten waard fan Tsjerkje.
Mei in prachtige reade sinne dy't de horizon opsocht foldie dizze jûn wat mij oangiet hielendal oan de ferwachtingen. Gjin kabaret mar in goed ferhaal oer it libben fan dizze bijsûndere frou, wêr't ik prachtige herinneringen oan ha.
De Ingelske ballade oer Sjerekie wie it ferrassende hichtepunt.
De herinnering oan de Kliuw haw ik al ris oan it papier tafertroud en it wie wol grappich en leuk dat Folkert Sijbrandij al goegeljend op dit stik útkommen is, wêr't hij út siteart.
Folkert Sijbrandij as foarlêzer op de jûn foar de Freule oer it libben fan Tsjerkje wie in boppeslach.


donderdag 2 augustus 2012

It keatsen

It sil net lang mear duorje dan krije wij noch mear bysûndere keatspartijen.
It gewoane fryske spul liket no betiden al bysaak te wêzen. Der wurde allegear keatsfarianten út it bûtenlân hjir hinne helle en it liket mij dat dit ús ôfliede moat fan it Fryske spul.
It strjitkeatsen komt wer op, it teatsen is betocht en baltsjeferdriuwe is tsjintwurdich al in wedstriid.
Dat it keatsen wat lêst hat fan in flinke weromfal is dúdlik. Utsein inkele grutte partijen komt der hieltyd minder publyk. Publyk bliuwt fuort en hat it oer min en saai keatsen, dat it allegear te lang duorret en dat it sfearloos is.
Ik begryp dat. Ik bin ek ôfheakke.
Langlêsten fytse ik bij Marrum lâns. Ik seach buordsjes. P Keatsen. stie der op. Ik seach in stik lân bij de seedyk en der waard mij sein dat dit de Fryske kampioenskippen keatsen bûtendyks wiene.
Krekt, fandêr al dy taskôgers.
Keatsen, it is gewoan in spultje en dat spultsje ferfeeld at je it te serieus benaderjen geane fan dêr dat socht wurdt nei farianten.
Ik hoop at jim ek útsjogge nei de folgjend jier at de earste ûnder wetter keatspartij bij Surch holden wurdt, nei 2014 at op de Koepel fan de Fryslân Bank de "mei gefaar foar eigen libben"partij holden wurdt ta earbetoan oan de trouwe sponser, nei 2015 at Gaasterlân him opmakket foar de Bremer Wyldernis partij mei tribuneplakken yn de beammen.
Ferline jier miste ik de PC en de Freule.
Ik ha der neat fan oprûn.
Ik weagje it der noch mar in kear op.