donderdag 19 november 2020

Toets

Ien kear yn de wike train ik in groep jonges bij it fuotbal.

Dat is in aardichheid moat ik sizze en foaral ek yn dizze tiid,

je binne der efkes út en bûten en dwaande.

Dy jonge binne noch gjin 17 of krekt wurden.

In moaie leeftyd.

Traine, dat slagget harren net altyd

want der is wolris in blessure, je fiele je wolris net sa fit

en der binne toetsen of leaver sein toetswiken, 

"Toetswike, ik kom net"

"Moarn in toets, bin der net"

Moai dat dizze jonges de skoalle boppe it fuotbal ferkieze

want proffuotballer wurde sit er al net mear yn.

Toets, dat wurd koene wij earder net.

Wij hiene it hiele jier lêst fan rippetysjes.

Net mear as ien op in dei, wie in bytsje de rigel.

Ik siet net op fuotbal doe't ik 17 wie,

dus kin net út eigen erfaring sprekke 

at ik de training ôfsein hie 

at er de oare deis in rippetysje op it programma stie.

In rippetysje seagen je oankommen

in ûnferwachte oerhearring net.

Dat wie alle dagen in driging.

It húswurk in dei net leare

en dan in ûnferwachte oerhearring krije.

Ek al telden dy wat minder mei foar it gemiddelde

it koe dochs wol soarchje foar in funest leech sifer op it rapport.

It rapport, dat bleatlei hoe't it echt siet mei de sifers.

At bliken die, dat je wolris in leech sifer net melden hiene thús

en dat it net allinne dy achten en njoggenen wiene dy't je wol meld hiene.

Ik haw gjin idee hoe't it no is

en ik hoech it ek net te witten.

Ik bin bliid dat de toetswiken wer foarbij binne

dan kinne dy jonges wer lekker traine.



Geen opmerkingen: