Twitter,
it is in wûnderbaarlike útfining.
In soad rotsoai, mar ek de dingen fan it gewoane libben.
.......en de dea.
Ik hâld fan twitter.
Fan dy twitterfolgers dy't twitterfreonen wurde.
Unbekende minsken, dy't je kennen leare troch de berjochten.
Berjochten oer leaf en lijen.
Nim no Nynke Sietsma.
Ik lear har kinnen troch har kollums op Omrop Fryslân.
Se wenne yn Den Haach
en twittere oer harren libben dêr mei har freon.
NynkeSirene, altyd in miening, altyd in ferhaal:
belutsen, grappich,
Der komme bern, in famke en in jonkje.
en ik belibje it mei at se nei Tjerkwerd ferhúzje
at se in kampertoer meitsje yn Italie mei de twa bern.
Ik belibje it mei at se ferhúzje nei Haarlem
en ik krij it mei dat Berend siik wurdt.
Slim siik. Kanker. 3 jier âld.
Nynke nimt ús mei yn harren striid
tsjin kanker mei gemokuren, mei raketijsko's.
Wij leare team1130 kinnen.
Sij fjochtsje yn it AMC foar it libben fan Berend.
Nynke twittert
oer fertwiveling, teloarstelling, de hoop, de wanhoop,
Boppedat fiel ik yn alle wurden dy't sij op twitter set.
de leafde foar harren soan,
dy't se sa graach bij harren hâlde wolle
It is 28 oktober
de twiit dy't je net skriuwe wolle
de twiit dy't ik net lêze wol.
It is ûnbegryplik,
net te leauwen,
it giet mij troch alles hinne.
Hoefolle sterkte kinne je harren tawinske?
Jûns sjoch ik op twitter.
It meilibjen mei de heit en de mem en de sus fan Berend is trending topic.
Der wurde treastfolle fideo's dield. Lykas dizze
Geen opmerkingen:
Een reactie posten