maandag 26 oktober 2020

Trochtraapje

It is hjoed de dei fan "Doortrappen"

It doel is dat âlderen trochtraapje , 

ek al wurde se wat âlder.

Trochtraapje soe ik ek roppe wolle

tsjin al dy lju dy't tinke dat je winters net fytse kinne.

It is wat frisser, mar dêr kinne je wol wat oan dwaan,

mei wanten, dikkere jas, mûtse of helm.

Neat mis mei at je mei kâlde fuotten thúskomme

at je in oere of sa fytst hawwe.

Fannemoarn stienkâlde fuotten

nei in rûntsje op de lisfyts.

Fuotten omheech is net goed foar de trochstreaming fan bloed

en dus al gau kâlde fuottten.

Spotify en Strava binne myn freonen ûnderweis op it stjoer.

De iene rockt der lekker op los 

en de oare leit alles fêst oan kilometers, snelheid en routes.



Alles giet goed

at de batterij mar fol genôch is.

Hjoed net.

Tusken Nijlân en Boalsert hâldt er op

en fyts ik neffens Strava as in strieljaaier nei hûs.

Net oer de Ridderdyk nei Burchwert 

en ek net lâns de Boalserterfeart.

De bûsetillefoan is nedich, 

om Strava in echt ferfolch te jaan.

Trochtraapje dus, 

in goed idee



Geen opmerkingen: