Wij geane op stap en nimme mei:
de tillefoan mei koroana-app, de ov sjipkaart en it mûlkapke.
Op nei Grins, foar in konsert yn Vera.
De leafde foar de muzyk fan de Paceshifters
dy diele Tsjeard en ik.
Vera, dêr hawwe legendaryske bands west
en it is dêr meast folle bak.
No ek, twa kear sels
want de Paceshifters spylje om 19.30 en om 21.30 oere.
Folle bak, dat binne hjoeddedei 50 minsken.
Oars binne dat dêr 600.
"At jim wat drinke wolle,
helje it dan foar it konsert bij de bar"
seit de organisaasje, want om 21.30 giet de bar ticht.
Foar sommigen it startsein
om flink wat bier yn te slaan
Wij sitte moai foaroan, mei in beskieden oantal "drankjes"
(wij binne der foar de muzyk)
en hiene it mûlkapke doe't at wij nei ús plak giene
Dat Paceshifters in geweldige band is
dat hiene wij yn 2017 ûntdutsen op it Greidhoekfestival.
It wie ek no wer sublym.
Fiif kertier rocke op syn best.
Wij wiene al fen
mar binne no noch gruttere.
In geweldige jûn fuort mei Tsjeard.
At wij tsjin alven nei it stasjon rinne
is it ûnwurklik rêstich yn de stêd.
Alle oare horeka wie al om 22 oere ticht gien.
Oh ja: gjin koroamelding op myn tillefoan.....it seit neat , mar toch
Geen opmerkingen:
Een reactie posten