Wij hiene dizze wike twa pakesizzers yn de basisskoalleleeftyd útfanhûs.
Yn dy 5 dagen learden wij wer in hiel soad.
Hoe't se dingen leare,
hoe't se dingen dogge
en wat harren belangstelling hat.
Sa mocht ik woansdei foarlêze oan Jelske fan 8.
Se pakte it boek, gie nei it ynhâldsopjefte
die de eagen ticht en "prikte" ien haadstik oan.
"Vogelspin"sei se
en dus siet ik tige nijsgjirrige ynformaasje foar te lêzen
oer de fûgelspin.
Ik lêsde dingen dy't ik net wist
en ek nea witten ha.
Ek sa bijsûnder binne de tromkes en bekers.
Dêr't wij yn de jierren 60
mei in appel of in stikje koeke nei skoalle gongen,
mei in appel of in stikje koeke nei skoalle gongen,
gewoan yn de bûse,
sit ik no moarns foar beide bern
2 tromkes en 2 bekers klear te meitsjen.
2 tromkes en 2 bekers klear te meitsjen.
Foar de lytse pauze it fruitbakje
foar de grutte pauze it bôlebakje
foar de lytse pauze de beker limonade
fpar de grutte pauze de beker molke.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten