dinsdag 31 maart 2020

Stilstean yn Lollum

Lollum,
hoe faak fyts ik dêr wol net troch
frege ik mij hjoed ôf.

Om mij hinne sjen doch ik seker
mar stopje, dat is der hast net bij.
Dus bin ik miskien wol tûzen kear
lâns it monumint fytst
dat tusken de griformearde en herfoarme tsjerke stiet.

Ofrûne moandei naam ik de tiid
om efkes te sjen wat op it boerd stiet
en hokker betsjutting it keunstwurk hat.

Is it boerd op dizze foto net te lêzen,
dat wie ek it doel.
Fyts of rin gewoan efkes nei Lollum en
lês dêr it ferhaal.

Jim kinne fansels ek âld Lollumers
lykas Appie Posthumus en Anne Brouwer freegje









Geen opmerkingen: