Sneon op Hinnaard
in kursus einekoer meitsje...
In ferslachje:
It begjint mei in toutsje en it eindiget mei
in toutsje.
Dêr tusken yn is it hurd wurkjen om in einekoer yn elkoar te
flechtsjen.
Wij krije de kâns om ûnder de ynspirearjende lieding fan Sjouke de
Groot en Sjoerd Stenekes de keunst ûnder de knibbels te krijen.
Want in keunst dat is it.
Dêr komt dizze groep
fan 13 mannen en frouen wol efter.
De keunst is om yn in ûntspannen hâlding in
goed boskje reid te pakken en dat mei de nulle en wat gedraai te ferbinen mei
oare boskjen reid.
De keunst om dat mei in stevige greep te dwaan en der foar
te soargjen dat it úteinlik op in koer begjint te lykjen, dy't strak eaget en
dy't in goed ûnderkommen wurde sil foar in ein.
Sjouke en Sjoerd hawwe it drok
mar kleie net.
Sij moatte hjir en dêr in hantaast helpe en moatte bij mij de
earste "stek" oanlizze, tuskentroch in "ferstevigings"
slachje dwaan en oan de ein sette se de puntsjes noch efkes op de i.
In einekoer bouwe dat dogge je net samar
efkes.
Opperste konsintraasje en dat mear as 4 oeren lang.
Wij kinne der net
bij wei, oars komt it net klear en reitsje wij “ út de slach” en it is mar goed
dat Eddy en Pep de hannen frij hawwe om ús sa no en dan te foarsjen fan in
stikje, in bakje, in hapke en in snapke.
It is in keunst dat einekoermeitsjen en net
sûnder grutskens steane wij tsjin seizen tsjin de skuorredoar oan, foar de foto
mei ús kreaasje.
Lytse,
grutte,
yn model,
út model
it makket allegear neat út.
It is in learsume en gesellige middei wêryn it respekt foar de twa betûfte
einekoermakkers ta ûngekende hichte stegen is.
Doe't ús pakesizzer de oare dei lâns kaam en
myn produkt yn de garaazje stean seach wie syn fraach "wat is dat fan ding
pake......?
Doe wist ik it seker.
Ik kin better in stikje skriuwe.
sa moat de einekoer wurde
der moat in klomp trochkinne |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten