zondag 2 februari 2020

In jûntsje sjonge

Wij wiene earder yn Dublin, yn Grins
en twa kear yn Amsterdam
bij Dropkick Murphys, de "Ierske" band út Boston.

Sneon stiet de band yn de grutte Ziggodome
en Tsjeard en ik binne der bij.

It is wer in âlderwetsk meisjongfeest.
Alle bekende Ierske lieten komme foarbij
en wurde meisongen troch de 12.000 man/frou.

It is ien grut feest mei útlitten minsken
dy't de foarprogrammas ek meinommen hawwe
en doe wiene de bars ek al iepen.

Wij binne allinne foar de Dropkick nei Amsterdam riden
en kinne ek hiel goed nuchter genietsje
fan dizze hearlike band.

Njoggentich minuten stampe, klappe en sjonge
it is in fermaaklik barren

Droech bliuwe is lykwols gjin opsje,
mei dat freeslike biersmiten.
It bier is oars djoer genôch dêr.

It wie wer prima,
mar de sealen hoege net grutter foar Dropkick Murphys
wie ús konklúzje


Geen opmerkingen: