Google foto's kin hiel wat,
sa witte wij sa stadichoan allegear.
Oan de ein fan it jier sjogge sij alle foto's troch
en meitsje dêr oersichten fan.
Sa as de fleurichste foto's wêr't elkenien op laket
of gewoan de foto's dy't sij moai fine
Dat is hiel wat oars
as wat ik moai fyn
Al dy foto's fan de pake-en beppesizzers
binne fansels de moaiste
dat sil jim gjin nij dwaan
en dêrnei
dêrnei
komme dizze foto's
mei in herinnering oan it jier 2017
|
Moarns op de fyts Iens efkes om....bij it opkommen fan de sinne....sa moai |
|
Yn Kroatie...oan de kant fan de dyk....lokale ferkeapers as wichtige boarne fan ynkomsten |
|
Fytsfakânsje ...hjir op it strân bij de Middellânske see...efkes in bakje |
|
Fytsfakânsje......35 graden.....goed foar de sinneblommen.....beammen, goed foar it skaad....foar ús |
|
Kroatie......oerdei hiene wij prachtich waar....en jûns moaie loften |
|
De Frysman...de triatlon yn de buert fan Warns....de kombinaasje fan sportyf ôfsjen en hurde muzyk op é romte |
|
De Ofslútdyk.....dit jier twa kear fytst en dat is unyk, want sa leuk fytst it dêr net |
|
Fytsrûntsje Nederlân......bij Swol....de pontbaas dy't mei hânkrêft de pont betsjinnet ....en op bleatte fuotten |
|
Fytstocht yn de buert fan Janum en Lichtaard.... ferkeap oan de dyk |
|
Kroatie......fanút hotel en prachtich útsicht op de see en moaie loften |
|
Kroatie ...tidens in moaie rintocht oer it Franz Josef rinpaad yn de buert fan Opatja |
|
Kroatie.....Sibe |
|
Fytsfakânsje....ek wolris in bui |
|
Fytsfakânsje...yn Súd Frankryk....Canal du Midi....soms hie it neat mei fytsen te krijen .... |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten