donderdag 25 september 2014

Burdmannen

Arie Bruinsma, in fotograaf yn Sint Nyk, hat sûnt dit foarjier in aardich projekt. Syn doel is 50 mannen mei in burd op de foto te setten en dêr www.baardmannen.nl mei te fullen.
De manlju wurde útnoege om nei syn studio te kommen en nei in petear mei de burdman wurde der wat foto's makke.
In alderaardichst idee, dat út de hân liket te rinnen. It binne net mear 50 mar der binne no hast al 100 manlju dy't hjir oan meiwurkje. Se komme fan hein en fier.
Ein augustus wie ik yn de studio en it wie alderaardichst om dit mei te meitsjen. In moai petear foaral ek.
Dizze trije foto's makke troch Arie Bruinsma binne  hjir te sjen. Fan al dy oare mannen soe ik jim freegje wolle sjoch op dizze side en genietsje derfan want it is echt de muoite wurdich al dy (soms) kreaze mar seker karakteristike koppen te besjen.




Geen opmerkingen: