zondag 21 september 2014

Herinneringen


Understeande kollum is pleatst yn de festivalkrante fan it Greidhoekfestival.

Herinneringen
Ik mei graach lêze. In boek yn de wike moat hast kinne. Lêze mei of sûnder muzyk op de eftergrûn. Beide kin. Ik hâld net fan misdie en misdiedigers mar fan dy boeken hâld ik wol.
Krekt foar de simmer joech in goeie kunde mij it boek “Ararat” fan Frank Westerman. “Dat is in nijsgjirrich boek” sa liet hij mij witte en doe’t ik it boek hie, lêsde ik op it omslach wat de Volkskrant skreaun hie oer dit boek: “Van Ararat kan een nieuwsgierig en kritisch lezer uitsluitend genieten”. Nijsgjirrich yn de goeie sin fan it wurd dat bin ik en ik haw ek altiten wol aardich wat krityske noaten op myn sang.

Frank Westerman makket yn it boek Ararat  in adembenimjende reis op it breukflak fan religy en wittenskip mei as ûndertitel “wêr is de God fan myn bernebibel en wa of wat hat syn plak ynnommen”. Westerman giet op syk nei antwurden en hâldt hij de mythes en stienhurde wurklikheid fan dizze berch tsjin it ljocht.

It boek beskriuwt it hiele proses om te kommen ta de úteinlike beklimming en yn dat proses sjocht Westerman hieltyd werom. Bij alle fasetten fan tarieding komt him wol wat yn de sin wat hij meimakke hat en wat hingjen bleaun is yn syn herinnering.
“Wat hingjen bleaun is yn de herinnering ”dat haw ik it meast mei muzyk. Fyts ik troch it Bosk yn Wommels en ik sjoch it Dielshús en dan tink ik werom oan myn earste popkonserten dêr. BZN, de rockformaasje, de Mailer mc KenzieBand, de Dizzy Man’s Band, the Bintangs en noch letter Hellois (hurde rock). Bij de Jumbo yn Boalsert sjoch ik efkes nei links wêr’t it Park stie en wêr’t Bram ús binnenliet foar Earth en Fire en foar Jen Rog. Yn Jirnsum de Twee Gemeenten wêr’t ik sels Corry en de Rekels en de Heikrekels sjoen ha yn twa swakke mominten. Yn Frjentsjer pop yn de Koornbeurs, yn Koudum yn de Klink en yn Warkum yn de Klameare.

It binne soms hiele lytse dingen dy’t de herinneringen oan dy goeie âlde tiid ophelje. Muzyk hellet it beste yn mij boppe. Muzyk dy’t altiten wer ferrast. Yn febrewaris gie ik tank sy de sosjale media fan de iene op de oare dei samar nei in nij festival yn Rotterdam: Punk, rock&roll, speedrock en hardrock. 3500 minsken hiene krekt as Jan Rinse en ik in dei fan ús libben. Ien fan de bands dy’t dêr spile wie Batmobile. Wij hiene der noch nea fan heard mar it skynde binnen harren sjênre de top fan Nederlân te wêzen.

En dan is it begjin maaie. It programma fan Greidhoekfestival 2014 wurdt presintearre. Haré, Batmobile….Hoe is it mooglik? Batmobile yn Wommels.
It is net allinne de herinnering oan Batmobile dy’t myn entoesjasme oanwakkert. Ik tink ek mei nocht werom oan de optredens fan Diff (yn Romein) the Flying Trashcans  (Poppodium Asteriks) en Buffalo Roam (zalen Schaaf).

En Kiss on the Rocks dan…. Tsja Kiss, dy komt út in tiid dat de muzyk net yn myn geheugen hingjen bleaun is.  Mar wa wit, de mannen krije de kâns op it  Greidhoekfestival en miskien is it dan oer 30 jier wol dat ik sis dat ik Kiss ûntdutsen ha op 13 septimber 2014 doe’t ik der bij wie op dat swimbadterrein yn Wommels bij it Greidhoekfestival.




Geen opmerkingen: