vrijdag 26 september 2014

Philips

Philips hâldt op mei gloeilampen.
Nettsjinsteande dat it in winstjouwende bedriuwstak is giet Philips him talizzen op mediyske apparatuur.
Yn it AD fan woansdei 24 septimber stie in foarbyld.

Philips giet in elektryske toskeboarstel meitsjen dy't sjocht dat der in gatsje yn de kies sit en dat gelyk trochjout oan de toskendokter.

Hoe healwiis meitsje wij dizze wrâld?
Want wat krije wij aansens noch mear?

1. Sit ik op myn tillefoan te sjen nei de te lytse letters,
meitsje ik it byld efkes grutter,
krij ik twa minuten letter in berjochtje
fan Spec Savers
(yn hiel grutte letters)
 "dat it hast wer tiid is om in nije bril te heljen"

2. Set ik it lûd fan de tablet efkes lûder
omdat der wer sa'n filmke is
op You Tube
wêrbij it lûd min opnommen is,
krij ik fan Schooneneberg
in  bangpratend briefke
 wêrbij wezen wurdt op myn dôvens

3. Stean ik te pisjen
yn de HMH
bij in konsert fan the Waterboys
en drip ik wat nei,
dan bellet de prostaatdokter mei gelyk op
en kin ik mij mar melde
ûnder de driging fan
allegear inge syktes

4. Keapje ik wat Sperti
en smaar ik dat der op
mei de supersonyske Spertismarder
fan Philips fansels,
 dan krij in wike letter
in oanbieding
fan it Antonius sikenhûs
dat aambeien fuorthelje
yn in poep en en skeet dien wurde kin
en dat it moandeis
tsjin in oantreklik priiske kin.

5. At ik in lichte verheging ferûnderstel
en nim ik de temperatuur op
fansels mei de Philips termometer
en is it echt wat oan de hege kant,
dan hear ik binnen de 17 minuten
de ambu al oankommen
en slepe se mij gelyk nei it sikenhûs

6. Sit ik wat te faak ûnder de Philips reade lampe
foar wat lichte rêchklachten
dan kin ik der mar rekken mei hâlde
dat ik binnen twa dagen
útnoege wurdt foar in
herniatsjek

Soe Philips ek gewoan trochgean kinne mei it meitsjen fan lampen....





Geen opmerkingen: