Krekt nei it Greidhoek festival fan 13 septimber krige ik in alderaardichst briefke fia de post fan Beitske van der Meer fan Fûns. Sij hie myn kollum lêzen yn de festival krante fan it Greidhoekfestival.en frege har ôf at ik de Aant Hofstra wie dy't ein jierren 70 bij har op Fryske les sitten hie yn Snits. Beitske jout oan dat "de grutte ynteresse foar eigen taal en identiteit doe al opfoel".
Ik haw myn plakboek fan dat jier der mar efkes bijsocht en fyn yndie in side dy't oanjout dat it Frysk mij doe al tige dwaande hold.
Prachtich fyn ik sa'n briefke dat op in middei yn de bus lei oan de Geeuwkade yn Snits wêr't ik doe wenne, omdat tillefoan doe noch net sa gewaon wie as no. Ien fan de bern fan Beitske moast fanút skoalle wierskynlik efkes bij myn hûs lâns fytse, sadat ik jûns op it goeie plak myn Fryske les krige.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten