zondag 15 september 2013

Dy finger fan Ate Feike

Wat haw ik sûnt sneontejûn in ferskuorrende hekel krigen oan de wiisfinger fan Ate Feike de Boer, de programmeur fan it Greidhoekfestival. Likernôch sân kear bruts hij myn muzykbelibbenis ôf op it sneontejûn holden festival.

Dat begûn al bij it optreden fan Femmes Vattaal middeis om 17.00 oere. De oaljefetbatsters soargen der foar dat de Wommelsers ferheard de doar iepen diene en harren ôffregen wat is dat fan geklap, wêr komt dat wei.
Foardat de lêste Wommelser de Terp berikt hie, stuts Ate Feike de finger op nei de haadfetbatster om oan te jaan dat der noch ien nûmer spile wurde koe. Sjit, dat is spitich, it begjint krekt wat fol te rinnen bij de Terp.
Miranda Hooijenga spile ek op de Terp foar foaral jeugdige harkers, in oantale eigen nûmers en wat covers


De finger fan Ate Feike gie ek omheech doe't Xigatze lekker op stoom begûn te reitsjen. Xigatze is sa'n band wêr't je altiten earst wat oan wenne moatte. It teatrale, it ferrassende, it frjemde soarge ek no wer foar in moai optreden.

Cosmic U wie de tredde groep dy't ik folslein bijwenne. Wer te koart. Wer dy finger dat it dien wêze moast wylst ik suver yn ekstase rekke troch in mystike lûd fan dizze band. De opswypkjende muzyk en it emoasjoniele sjongen hie de hiele tinte yn besnijing.

Teloarstelling dat it al wer dien wie,  troch dy finger fan Ate, kaam ik út bij Einsteinbarbie. Hearlik optreden fan de band mei de twa froulju dy't harren goed heare en sjen lieten. En krekt doe't de jongerein begong te dûnsjen wie dêr wer dat fingerke: noch ien nûmer.

In folle tinte en in soad jeugdsentiment en ferbazing bij de âlderen wie der bij it Beatle tribute bandsje want sa'n leuk jeugdich groepke dat sa goed de Beatles neidocht dat is bysûnder. Noch ien nûmer sei de finger en de hiele tinte song dêrnei fan Na, na, nananana, Hey Jude.

Blackboxred, dêr stie ik al wer fol ferbazing nei te sjen. Wat jout dat in enersjy yn de bealch. Gelokkich krekt genôch foardat de finger harren warskôge foar it lêste nûmer.

It optreden fan Hallo Venray yn de lytsere tinte wie top. Yn geweldich stik rock om nei te hearen en in hearlike band om nei te sjen. Wat fleach dy tiid om tidens dat optreden want harre barre dêr komt Ate Feike al wer oan. Grrrrr.

Sân kear hie ik de finger sjoen en wist ik dat it lêste nûmer ynsetten wurde moast. It wie genôch.
Bij mr Wallace haw ik efkes in drinkpauze naam en stie ik sadanich fier bij it poadium wei dat de finger mij ûntgien is. De sfear siet der ek wer lekker yn.
Crazy/Daisy mocht it festival ôfslute en dy diene dat as AC/DC. Hearlik noch efkes rocke... sa healwei de nacht. Ik hie no seker it gefoel dat it wat earder dien wie as as ik tocht hie mar dat wie ik de hiele jûn al wend west.





Myn oprjochte eksuses foar al dy "keunstmeiwurkers" dat ik der gjin oandacht foar hie.  Bij sa'n muzykfestival bin ik net bij de muzyk wei te slaan. Dêrom as treast twa kykjes fan de produkten dy't makke binne. Mar dat seach ik oare deis pas.

Wat in prachtich festival mei hiele goeie muzyk en de komplimenten foar de strakke planning. Want dêr hâld ik wol fan. Tiid is tiid.
Tige slagge tank sij en nettsjinsteande de finger fan Ate Feike de Boer dus.


En snein noch efkes lekker bobromme en neipraten


Geen opmerkingen: