Dy lêste romte wie it grutst. It wie in goeie kar om dêr Armand del te setten. It wie dêr mear as fol. Wat leafhawwers fan it protestliet en foar allegear "rjochtse ballen" , dy't dy read- en langhierrige hasjtripper ek wolris sjen en heare woene.
Armand, hij sjongt noch prima, syn teksten binne noch altiten skerp mar syn gelul tuskentroch makket it net ta in leuk konsert. At der yn dy 40 minuten ta 6 ferskes kommen is, falt it mij ta. Djiptepunt wie wol syn geeamel oer it ABC fan de drugs.
Armand is in publykslûklr dat die wol bliken mar om der foar in twadde kear hinne te gean: nee dankje.
Dan Lucky Fonz III: in oandwaanlike muzikant dy't in prachtich yntym konsert joech yn it houten himmeltsje: it tsjerkje dus. Prachtige ynteraksjes mei it publyk en sa echt.
"Ik zing nu een liedje dat kan hier net in de kerk. Het gaat over de hel"
"Dan nu een gospelachtig lied, voor de zekerheid".
De presintratice liet it konsert lekker útrinne want it wie hast in skande om dit te ûnderbrekken. It hichtepunt fan de jûn.
Spinvis wie der ek en dy kâns woe ik ek net rinne litte. Prachtige muzyk, mar helaas kaam it net hielendal goed ta syn rjocht yn in lytse tinte mei matich lûd. Dit hie net misstien yn it houten himmeltsje.
Yn dy selde tinte stie letter Boys Named Sue en dan komt it allegear minder krekt. In populaire band ek yn Nijbeets. In stampfolle tinte en it swingde.
Swinge die it ek bij L'Chaim: de hiele seal dûnse en beweechtde mei op de klezmermuzyk. Fleurige en entûsjaste muzikanten mei in soad teater.
Tuskentroch noch efkes om it hoekje sjoen bij Mannemoed, Gurbe Douwstra en Kapriol en fan allegear ien nûmerke meipakt.
It Skimerjûn festival hat no 7 kear west en it is flink groeid yn alles. Op de fraach at it dêrmei syn sjarme holden hat fan de earste twa of trije kear sis ik nee. Safolle minsken no (750) mei relative lytse podia kin betsjutte dat je oeral krekt te let binne om wat te sjen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten