Sjoch, wij wiene op fytsfakânsje dit jier. Ja dat is wat wat oars as mei de auto. Wij wiene dan ek net nei Brabân riden om de reis hielendal goed ta te rieden. Want je kinne dan wol miene dat je mei in sleepkabel, in goeie fersekering, in eurofinjet, in reservetsjil, in ferbândoaze en twa giele hesjes de saak goed foarelkoar ha, mar dat is net hielendal sa. Dêr heart noch in echte
Brabantsje ynseiniging bij. Troch in Brabaânske pastoar fan wierskynlik ûnbesprutsen gedrach (wêr fine je se noch?).
Wij setten fanút Amsterdam mei de trein ôf nei Praach. Dêr begong ús fytstocht lâns de Elbe.
It sil nei in dei as wat west hawwe doe't wij ûnderweis wiene en Tsjechie al út wiene en wij konstatearden dat it fytsen gie as de beste. Earne oan de route seagen wij in opmerklik fytsboerd. Fanút de fierte kinne je noch tinke dat it in fytsestalling is mar wat tichterbij waard it ús dúdlik. Dit is de earste Dútske
Radfahrerkirche. Der wie gjin pastoar, gjin tsjinst mar in loopke troch it tsjerke soe dochs ek wol wat helpe.
|
wij pakke dizze gelegenheid oan en fytse it paad op |
|
it is dêr foaral brún, brûn en nochris brún, mei gelokkich wat giel |
|
en 6 kilometer fierderop hawwe wij ús earste en ienige lekke bân |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten