zondag 28 juli 2013

Mr Wallace bringt sfear

Buffalo Roam

Blackboxred

Navarone

Ode oan the Serenes

Dit wykein wie it muzykfestival Welcome to the village. De Groene Ster bij Ljouwert wie de lokaasje en ik wie der in hiele lange sneon bij.
11 oere yn de bus, 12 oere te plak. In strak begjin op de moarn yn de earste de beste tinte. De Buffalo Roam rockten der fuortendaliks flink op los. Ik wie gelyk al optein. Nei dit moaie begjin wie it net mear mooglik om de rest fan it terrein op te gean om de oare podia te besykjen. It ûnwaar wat kommende wei wie, die de organisaasje besluten om it terrein te ûntromjen op de grutte tinte nei. Dêr batste ûnderwilens Blackboxred der flink op los. Ek dit duorre net lang want de berjochten oer de earnst fan it ûnwaar soargen der foar dat elkenien fan it terrein ôfmoast. Sûnder in spoar fan panyk toffele de measten nei de eigen auto of nei de kamping bij Aqua zoo. De bui kaam, foel mei en it feest koe wer los. Wat in bui al net dwaan kin seagen wij doe't wij it terrein wer opkamen. In koarkdroege fjild en wie dweiltroch mar de organisaasje hie foarút tocht en hie hiel wat pakken strie klearlizzen dy't no fan tapassing kamen.
Oan jûns healwei alven ta, haw ik 8 bands sjoen. De programmearing wie sa goed dien dat je hast neat hoechden te missen.
Hichtepunten? Net echt of it moat it tige muzikale optreden west ha fan de de mannen dy't in oade oan the Serenes brochten. Of wie it hichtepunt Mr. Wallace. Net echt myn soarte muzyk mar de sfear en de beweging yn de tinte makke dúdlik dat dit wol in hiel goed optreden wie.
Mr. Wallace, foar wa't se noch nea sjoen of heard hat, is der in kâns op 14 septimber. Sij komme dan nei it Greidhoekfestival yn Wommels.
Welcome to the Village mei sa'n 3000 man wie in hiel ûntspannen feesie foar jong en âld yn in sfearfolle entoeraasje. Komplimenten foar de organisaasje dy't mei troch it waar wichtige besluten nimmen moasten yn ferbân mei de feiligens. Moai is sa'n dei dat der twitter is en dat sij dat goed ynsetten mei goeie berjochtjouwing
It terrein is wol hiel grut, sadat je de 3000 betiden net werom fine. Mar miskien soarget just dat wol foar de sfear en de romte dy't je sels fiele.
Om healwei 11 oere wer yn de pendelbus nei stasjon en om healwei 12 oere wer thús. Sa moai as wat.

Geen opmerkingen: