Snein foar de twadde kear dizze simmer op in keatsfjild west. Bij it keatsen ek noch wol. It wie de earste klas wedstriid yn Boalsert. Keatsfjild it Oordje, dêr mei ik graach efkes bij it keatsen sjen. Miskien wol omdat ik dêr myn grutste keatssukses helle ha. Want yn alle beskiedenheid wol ik efkes kwyt dat ik it bedriuwskeatsen yn Boalsert in kear wûn ha.
Miskien kom ik dêr ek graach om de broadsjes woarst sa lekker binne.
Werom nei snein. Earste klassers moasten dêr stride foar harren lêste kâns om op de PC mei te dwaan. Foar it beruchte "rankingsysteem" wie dit de lêste wedstriid. It klassemint oan dan ta wie bekend en it wie no ek dúdlik hoefolle punten je fertsjinje kinne om wat te stigen nei de PC list.
Ik haw sa'n twa oeren op it fild west en haw foaral sjoen nei de hâlding fan de keatsers. Ik wie wol benijd at je sjen koene dat it hjoed folle bak keatsen wie. Foaral de partoeren dy't noch faai stiene.
Ik bin goed twa oere wer fuortgien en doe't ik jûns op twitter lêsde dat Dylan Drenth, Rick Pootstra en Enno Kingma wûn hiene, wie dat net in ferrassing foar mij. It wie ien fan de twa partoeren dy't sjen liet dat se graach nei de PC wolle. De twa Bilkerts en de jonge Ouweseun foelen op troch fúlens mar ek troch ûntspanning. In hearlik partoer om nei te sjen.
Sij hawwe harren no yn ien kear pleatst foar de PC. De lamlendige- en antiwinners hâlding fan in oantal oaren hat ta gefolch dat dy der tongersdei noch om keatse moatte. Dúdlik is yn alle gefallen dat it oantal Wommelsers/Eastereinders nei in oantal goeie jierren nei in dramatysk djiptepunt fan 1 of 2 liket te gean.
Keatse om yn de (sub)top te kommen en te bliuwen betsjut dat je der ek wat foar dwaan moatte en foaral der wat foar (stean) litte moatte.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten