dinsdag 23 juli 2013

Skillaard

Ferskûle efter in soad beammen leit flakbij it spoar Snits - Ljouwert op de hichte fan Mantgum in tsjerkhôf. Op dizze waarme simmerske dei yn july sjoch ik der nei út om efkes it skaad op te sykjen op it tsjerkhôf fan Skillaard. 

Foardat ik it skaad fan de beammen ynstap, lês ik de ynformaasje op it boerd dat seker opfalt sa foar it stek. "Het drama aan de Mantgumervaart" fertelt it ferhaal fan it Britse fleantúch dat nei it útfieren fan in bombardemint op Berlin op de weromreis oanfallen waard troch in Dúts fleantúch en delstoarte bij Mantgum. Dat  wie yn 1943.

In propeller fan de Stirling, dy't ek foar it stek leit, is it byld wat oanjout wa't der oanbleaun is fan it fleantúch.

En dan stap ik it stek binnen en sjoch dêr oan de iene kant fan it tsjerkhôf it tuorke stean. Foar mear as foar de helt yn de sinne en dat sil net sa faak barre. Wat in pronkje  dêr tusken de beammen. Wat in rêst hjir, sels de kraaien litte it op dizze waarme dei ôfwitte. 


Ik kom bij it grêf fan Anske Katrienus Agema. 22 jier is hij wurden. Soan fan Willem Agema en syn frou. Willem, âld doelman fan SDS, keats- en fuotballeafhawwer fan it earste oere. Altyd freonlik en belangstellend, sa kin ik him as ik him tref bij it keatsen of it fuotbaljen.  Ik haw it der wolris mei him oer hân, oer de dea fan syn soan. In swier litteken en hij joech ek oan dat hij hiel faak efkes bij it grêf komt. Dat is ek te sjen. Mar leafst 4 blomstikken jouwe oan dat Katrienus Anske der noch bij heart. 

Der binne mar in 30 tal grêfstiennen op it hôf. Leit de takomst foar in grutste part yn dizze muorre?

De fleaners dy't omkommen binne yn 1943, hawwe hjir yn Skillaard harren grêf. Opfallend dat der 8 stiennen stean en dat it ferhaal fan de Britten is dat der mar 7 man yn it fleantúch sieten (sjoch ek de foto op de earste foto)


1 opmerking:

Anoniem zei

Beste mensen,

Hier kun je tijdens je fietstocht of wandeling even tot rust en nadenken komen.

Cor.