It giet net om dat jier dat je der bij krigen hawwe. It giet gewoan om alle dagen. Alle dagen bin ik in bytsje jierdei. Alle dagen feest. Wer in dei der bij. Moai toch. Wat hat it fan sin om nei de folgjende jierdei út te sjen. Ik sjoch mear nei de folgjende dei.
Lokwinsken krigen fia de mail fan Bol.com, fan Computer Idee, fan Pearle en in oantal oare kommersjele ynstellingen.
Lokwinsken fan de eigen famylje: frou, bern en pakesizzer. Bargjeknoeie mei de eigen famylje, kadootsjes krije. Gewoan lekker yn de eigen tún.
Lokwinsken fan de eigen famylje: frou, bern en pakesizzer. Bargjeknoeie mei de eigen famylje, kadootsjes krije. Gewoan lekker yn de eigen tún.
It is wer foarbij. It wie in moaie dei, lykas earjuster en moarn.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten