1 foto makke foar de sfear |
Sneintejûn tsjin 10 oere jûns kaam it folk út teater Carré yn Amsterdam. It wie noch ljocht en yn koarte tiid wie der gjin wei mear te finen foar fytsers dy't mienden dêr lâns te moatten. De gesichten fan it folk liken oanslein en der waard praten. At je goed harken dan hearden je oars net as: Net te leauwen dit, wat wie dit moai, machtich, wat in konsert, wat in bist op it poadium, wat in sfear, wat in kanjer wat in........
Superlativen yn de heechste soart. It folk hie in optreden sjoen fan Joe Bonamassa mei syn band mar mear noch fan Beth Hart.
De gospels, de blues, de ballads, de rock : har kiel wist der wol rie mei. It folk stiet hast letterlik en sekere figuerlik op de banken. It dak gie gie derôf..ek figuerlik.
It folk moast bijkomme op strjitte. Bijkomme fan Beth Hart dy't it folk bij de strôt hie. Twa oeren lang.
Wat hiene wij in prachtige jûn.
1 lyts filmke makke foar de sfear. En jim moatte de holle mar wat skeef lûke.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten