Ik skat yn dat ik troch de jierren hinne al ris in Union, in Fonger, in Batavus, in Sparta en in Halfords fyts hân ha. De Gazelle Medeo kin ik mij noch herinnerje, lykas de Koga en as lêste de Raleigh. Ik bin seker net bûn oan in merk. Ik betraapje mij der sels op dat ik hieltyd in oar merk wol.
Sûnt 1998 bin ik lisfytser en haw ik der altyd in bukfyts bij. Foar yn it doarp, foar de glêde omstannichheden, foar de bûtenlânske fakânsjes mei heuvels en omdat it makliker mei nimt op de auto en je ek wolris yn de wâlden fytse wolle.
Salang de belesting meibetelje wol oan in nije fyts keapje ik alle trije jier in nijen.
Ik kin wer trije jier foarút en yn mocht de fytsregeling ôfskaft wurde dan ferwachtsje ik dat dizze it noch wol wat langer útfytst. De RIH Z900 moat in kwaliteitsfyts wêze neffens TweewielerdeJong yn Wommels en ik leau it gelyk. Lit it foarjier no mar komme.
De RIH wurdt foar in grut part makke yn Amsterdam |
Al hast 100 jier in fytsemakker |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten