Ik mei oeral wat fan fine.
Wat in hearlik gefoel is dat.
maandag 15 april 2013
Pankoek
Der wurdt wolris sein fan "Wat je jouwe krije je ek werom". Ik leau net dat soks altyd opgiet. Mar yn dit gefal giet it wol op. Hjoed 15 april in jierdeifeessie. De bertedei fan soan Tsjeard. Dy wurdt 32. Soe der syn âlde plakboeken trochblêdere hawwe en in útnoeging tsjinkommen wêze fan 1986 of sa....... Hearlik, pankoek ite en dat ik net thús brocht wurde sil makket neat. Ik haw krekt in nije fyts sjoch.....
Fan herte lokwinske.... en foar dij de nûmer 1 fan de top 40 fan de wike fan 15 april 1981. Wierskynlik kin hij him dat net mear herinnerje.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten