zondag 21 april 2013

Foar de fytsers op paad

Wij binne mei in 40 tal frijwilligers dizze moannen op in paad om de fytsknipepunten yn byld te bringen. Mei namme giet it om de hinderlike pealtsjes en oare obstakels dy't wij allegear op foto sette en gelyk yn Google maps bringe op it plak wêr't de foto makke is.
Mei alle technyske middelen is dat net echt dreech.



Dus freedtemoarn wie de opdracht om Eksmoarra, Allingawier, Gaast, Skuzum en Burchwert te ynfentarisearen. Ik kaam mei sa'n 20 foto's thús wêrfan ik beoardield hawdat it in knipepunt is.
At it echt sa is dan sjogge de deskundigen letter wol.
De foto's meitsje ik mei de tillefoan mei GPS en sadré't ik it eigen hiem op fyts, wurde de foto's automatysk op myn kompjûter setten.
Neat gjin geseur mei kabels of Bluetooth.
Thús in heal oerke efter de kompjûter om se te plak te setten op in Google maps kaart.

Noch fjouwer doarpen te gean: Lollum, Arum, Rien en Lytsewierrum. Dan haw ik 20 doarpen en ien stêd (Boalsert) dien.

Sneontemoarn moast ik op fersyk fan it Seniorarenplatfoarm Littenseradiel, wêr't ik sels wat leeftyd oangiet ek bijhear mar wêr't ik mij noch fierstente jong foar fiel, in E-bike route útsette.
Earne yn maaie krije de senioren E-bike les en se sille gelyk de keunsten in de praktyk bringe op in route bij en yn Wommels.

Dan leit der noch ien opdracht. In fytsroute dy't ik yn sa'n 7 jier lyn makke ha foar de gemeente Snits moat kontrolearre wurde op aktualiteit. De 11 binnenpaden route fanút Snits is 70 kilometer lang en foel doe goed yn de smaak. Ik hoop dat yn dy sûn jier moai wat fytsende amtners keazen hawwe foar wat earder pensioen, sadat it foar de measten nij is. Miskien dat ik dy 70 km it kommende wykein efkes fytse kin.

It muzykje fan de freed wie Radiohead. Earne tusken Skuzum en Gaast op myn eardopkes.......




Geen opmerkingen: