maandag 8 april 2013

Fjoertoer (2)

de speltsjes fan eardere fjoertoertochten, helaas mist der ien........
Fiif jier kaam Jellie mei entúsjaste ferhalen werom fan Skylge nei it Fjoertoerwykein. Sfearfol, gesellich, ûntspannen en genôch ljochtfariaasje ûnderweis, dat wiene sa bytsje de kreten.
Ien kear hie ik mei west, net om te rinnen mar om dy sfear te priuwen.
Dat sfearpriuwen slagge net. At je net meidogge dan mist er wat. Dan hawwe je op sneon net dat gefoel fan "talibje nei de start", dat omhingjen, dy tas mei startersguod helje op West, dat gefoel dat je net te folle ite wolle  en, seker net lekker tafelje kinne. Sis mar de wedstriidspanning misse je.
Je hingje der mar wat bij en krije it net allegear mei.
It wie dêrom tiid om it echte Fjoertoer gefoel te krijen.
De Izeren Man joech mij it lêste triuwke yn de rêch om 2013 mei te rinnen. 21 kilometer ôfsjen sa stelde ik it mij foar want at ik nei de byb tsjinoer ús moat, pak ik de fyts. Dit jier ien kear 10 kilometer rûn en dat foel net mei......

It is no moandei at ik dit skriuw. It liif, de skonken wolle mar net stiif wurde fan de ynspanningen. Blierren binne net te finen. It is dus allegear gelyk as oars. Der is lykwols in grut ferskil mei oare jierren.
Ik haw de fjoertoer rintocht rûn, ik haw de sfear preaun, ik haw 21 kilometer rûn wêrfan 7 kilometer yn it mulle sân, ik haw oeren de blik op ûneinich hân, ik haw mij meardere kearen ôffrege wêrom ik dit doch en ik ha erfaren dat it swier, útdaagjend en sfearfol is..
In grut komplimint oan de organisaasje dy't der yn slagge mei ljocht keunstwurken ûnderweis, op it goeie momint ús efkes moed joegen om troch te gean.
Wat in wurk en wat in kreativiteit.
Nei 21 kilometer en 600 meter siichden wij del yn in stoel yn Ytkafe "de Storm". Om te drinken: bier, bier...bier.
Fjoertoer 2013 haw ik noflik en goed rûn mei Jellie, Albert en meidebutant Norman.
Wij hawwe allegear op ús eigen wize it lijen meimakke op ferskillende mominten. Wij hawwe ús alle fjouwer stoer holden sadat wij nei de tiid sizze koene: it wie best te dwaan.


de beleanning nei 3 stimpels
Wie alles goed tidens de tocht? Nee dat no ek wer net. Ik hie ferwachte dat je wat mear romte hiene om frij te rinnen. Dat wie net sa, it wie konstant rinne yn ien lange kolonne mei flink wat argewaasje fan myn kant foar it paad efter Hoorn wêr't alles fêst rûn omdat je allinne mar efter elkoar rinne koene. Minstens 20 minuten rûnen wij yn in soarte fan begraffenisstoet, stapke foar stapke. En at je it swit al flink op de bealch hawwe, dat is dat hiel ferfelend.
2014 sille se it wer sûnder mij dwaan moatte. Moai sa'n útdaging foar ien kear, mar ik moat der net oantinke om takem jier wer oer dat selde paad, troch dat selde bosk, mei al dy selde minsken en oer dat selde strân te rinnen.
Ik jou it stokje graach troch......


Geen opmerkingen: