It hie sa moai wêze kinnen op sneintemiddei bij SneekWitZwart - Hollandia. In wedstriid yn de Topklasse, bij moai waar op in prachtich fjild. D eboarding is dêr wat heger as bij de measte klups en je kinne hearlik mei twa earms hingje op de brede râne fan dy boarding.
Mar al hiel gau wurdt it aaklik irritant. De firma UYTHOF hat foar dizze amateur klup in systeem betocht sadat ek dizze reklameboadskippen wikselje. Bij it betelle fuotbal merke je dêr net folle fan mar hjir wol. It docht, it skoddet en it makket lawaai. Alle minúten wer. Wat in argewaasje. Om no te sizzen dat ik net wer nei dizze klup gean giet wat te fier mar lit ús hope dat dit ûnrêstich gedoch net yn Easterein bij SDS komt. Dan mar in stek wat krekt wat te leech is om lekker te hingjen.
Oer de wedstriid kin ik koart wêze. Snits makke net folle klear tsjin in bettere tsjinstanner. De mannen út Hoorn fuotballen makliker, hiene fisyk wat oer en it spitsen duo wie libbensgefaarlik. Op minút 86 bin ik fuortgien om op tiid Feyenoord-Vitesse sjen te kinnen. De stân yn Snits wie doe 0-2 mar de einstân wie 0-4.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten