Dat sjocht elkenien en it wie goed dat dêr okkerlêsten yn Wommels oer praten waard.
Der sille fêst oplossingen en ideen nei foaren brocht wêze en sa't ik it ynskatte kin, sille"stikjes fan de oplossingen" bij de polityk weikomme moatte.
Dan witte je it wol.
Dat binne der oerlizzen, tsjinstelde belangen, (europeeske) wetjouwing, lange trajekten ensf.
Dochs is der neffens mij in hiele simpele oplossing mar dêr hawwe wij de minske bij nedich.
It gedrach fan trekker sjoffeurs moat oars.
Sûnder wetjouwing en rigels mar gewaon om respekt te toanen foar in fytser en in rinner op de dyk.
Wat soe it moai wêze dat in trekkersjoffeur alle oeren op de dei it gaspedaal loslit, de rem der efkes opdocht en hast stil stiet at hij fytsers en/of rinners tsjinkomt, sadat dy fytser net mei klamme hannen it stjoer beethâlde moat om de wynflaach te trotsearen, mar om as groet de tomme efkes omheech stekke te kinnen: dankje wol.
Wat soe it moai wêze dat je in trekker sjouffeur dêr gewoan op oansprekke. "He, jong, fynsto net dat....... of soesto........"
Juster wie der in "respekt dei" útroppen troch de KNVB.
It sil wol.
Ik leau der net in bast fan dat der wat feroaret nei al dy moaie praatsjes yn kantines en yndrukwekkende bijienkomsten.
Nije wike giet it der wer om.
Dan steane dy selde heiten (en memmen) wer fol fjoer oan de kant en wurdt er like gemien as altyd flagge en is der like folle protest as altiten tsjin thúsflaggers en thúsfluiters.
Ek hjir is der mar ien kâns om it respekt foar elkoar werom te krijen.
Eigen gedrach oanpasse.
En dat sil like dreech wêze foar de fuotbalsupporter as foar de trekkersjoffeur.
Ik sjoch wer út nei nije wike at der wer gewoan fuotballe wurdt. En ik sis net ta dat ik net wer seur oer de skiedsrjochter of de gemiene flagger fan de tsjinstanners fan SDS.
Gelokkich haw ik mij sels wol yn de hân mar ik haw froeger dan ek mei in autoped boarte. Dat skynt in grut foardiel te wêzen yn je gedrach letter.
Ik miende dat Diederick Stapel dat ûndersocht hat..... dus seker is it net allegear,
Geen opmerkingen:
Een reactie posten