Ik sil net sizze dat alles earder alles better wie, mar der binne wol dingen.
Nim no it busferfier.
Wij hiene hjir de LAB. Hiel oersichtelik. In sjoffeur oan it stjoer, in konduktrise foar de kaartsjes (it wurd swartrider bestie noch net) en in tsjinstregeling dy't ôfstimd wie op de gebrûkers.
De lêste jierren hiene wij hjir yn de greidhoeke Connection en hawwe sûnt 9 desimber Arriva.
Oare nije bussen (skynt in betingst te wêzen) mar de selde sjoffeurs (skynt ek in betingst te wêzen).
Moai toch. It wurdt der dêrtroch allinne mar better op.
Moai net dus. De tsjinstregeling dêr mocht Arriva wol yn knoeie.
Dat ha se mei grut sukses dien mei as gefolch dat der omraak prottele en skolden wurdt.
Op Arriva, op dy ferrekte bus dy't net mear riid.
De buskoordinator bij ús op skoalle hie in minne wike.
Komplete busritten op skoaltiden binne útfallen en bern moatte no soms in oere wachtsje of se moatte noch earder út de les.
It giet dêrbij om jonge bern dy't fanút de hiele Súdwesthoeke nei it spesjale basisûnderwiis gean.
Bij Arriva hawwe se blykber gewoan oan it skrassen west, sûnder te sjen nei de gefolgen foar skoallen.
Arriva hat in hiele minne start makke ek al binne it nije bussen en de selde sjoffeurs.
Fanút in hiel oar perspektyf haw ik der ek lêst fan. Myn muzykjûntsjes yn sealen Schaaf, de Harmonie, Romein en poadium Asteriks, allegear yn Ljouwert komme ûnder druk te stean.
Foaral op freedtejûn at Asteriks de programmearing oant 23.15 docht. In moaie eintiid want de lêste bus gie om 23.57 werom nei Wommels.
Dat paste prachtich om nei it optreden rêstich nei it stasjon te rinnen.
Arriva, hat yn al har wiisheid beslúten dat de lêste bus no om 23.00 oere giet.
Dat is te betiid at je in jûntsje muzyk of teater dogge en de eintiid tusken 23.00 en 23.30 leit.
Wie Connection der noch mar....of de LAB.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten