maandag 10 december 2012

De saak V


At jim tinke dat ik no oertsjûge bin fan it feit dat de dieder fan de moard op Marianne Vaatstra oppakt is dan hawwe jim it mis.
Yn dit senario wurdt alles út de kast helle om de echte dieder frij út gean te litten. Knoeie mei DNA en praatsjes fan abbekaten.

Ik leau noch altiten yn de komplotteory op basis fan de feiten dy't op in oantal wepsiden stean fan ûndersikers en at ik sjoch nei de miening fan in oantal deskundigen.
Dubieuze rollen binne der weilein foar PRdeV te A en abbekaat V, sa wurdt der sketst.
Der is oeral goed oer nei tocht mar der is noch altiten in âlde wiisheid dy't no fan tapassing is.
" In leagen hat koarte poatsjes" en dat betsjut itselde as "al is de leugen nog zo snel, de waarheid achterhaalt hem wel"

Ik hoop dat de komplotlju it noch net opjouwe.

Ik wiis jim graach op de webside Boublog en it nijsgjirrige item oer Derren Brown mar mear noch op De onmogelijke bekentenis van Jasper Steringa."

Ik wiis jim ek graach op de webside RechtenKrom dy't striden bliuwt foar de wierheid.


1 opmerking:

Anoniem zei

Aant, ik bin it measttiids wol mei dy iens, mar ik kin dy hjiryn net folgje. De saneamde klokkelieder betinkt fan alles en ‘stalkt’ de parse yn Fryslân hast alle dagen mei syn ferhalen. Hy kreëaret in oare wiisheid dy’t net dy fan mei is.

Ate