Twadde krystdei.......tradysje ....meubelroute...jim kinne it wol.
Gewoanwei begjint myn route bij Resi. Mar dy is der net mear.
Noch wol in fallisemintsferkeap mar dat fyn ik net earlik.
Earst der nea wat keapje...dêrtroch fallyt en dan der no wat keapje seker.
Myn meubelroute begjint dêrom bij de meubel bûlevaar op Kramershoeke.
Je skine dêr karút te hawwen mar ik sjoch it net..
De SwarteBeien bûlevaar is unyk yn syn soart. Oan de Slachte, dus it middelpunt fan de ierde (ien kear yn de 4 jier). Moai spul mar it is net wat ik sykje.
Yn Lollum is de bûlevaar ticht mar dêr stiet dan ek noch in grifformearde tsjerke.
Bûlevaar DeBieren ûnder de reek fan Waaksens hat grut ferskaat oan bêden. Der is net in bêd dat sa lekker leit as myn lisfyts dus set ik wer ôf.
De Burcherterhoeke bûlevaar docht foaral yn kasten. Ik lit mij net op 'e kast jeie hjoed, dus op nei de Hartwerter bûlevaar.
Alles wat yn dit damdoarp te krijen is, wurdt yllustrearre troch swart wite blokken. It dûzelt mij foar de eagen dus set ik ôf nei de Kliuwbûlevaar.
Der is gjin slokje mear te krijen en dan hoecht it foar mij net.
De GoudenEngelbûlefaar leit der moai bij yn de sinne mar je kinne dêr allinne mei goud betelje of mei in ingel. Beide haw ik net bij mij.
Sa kom ik werom yn Wommels en stel fêst dat ik lekker fytst ha.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten