zondag 5 februari 2012

De knop moat om

Ik begjin mij serieus ôf te freegjen at in wol in echte Fries bin. Frysk lêze, - skriuwe, -kwetterje is net genôch tink ik no. Dat ik in soad wit fan it keatsen, it fierljeppen en it skûtsjesilen klinkt wol aardich Frysk mar docht der net echt ta. Dat ik der simmers ek noch faak hinne gean, seit alhielendal neat.
Soe ik no eksamen dwaan moatte om as Fries yn te boargerjen dan sakje ik (troch it iis).
Ik hâld nammentlik net fan iis en fan snie. Dat is net fan hjoed op juster, dat is allang sa.
It is ien en al lijen en ik begryp net dat minsken dy't oars ornaris seure oer it waar, no oars net dogge as it waar de himmel yn priizgje  fan "wat is it lekker (-10), wat liket it moai (snietroep), wat is goed foar de natoer (ús kafias bestjêre it hast) en mear fan dy freeslike winterske útspraken.
Mar de knop sil wol om moatte bij mij.
Oars bliuw ik de kommende wike hingjen yn it leksoaien oer de winter. Leksoaie oer dy freeslike 11 stêdentocht, dy't in soad minsken it gefoel jout dat dat it hichtepunt fan it libben wêze en wurde kin. Wêr't se harren hiele libben sterke ferhalen oer fertelle kinne sadat net riders it gefoel krije dat se mar sufferts binne.
De knop moat om dus. Mar dat is net dreech. Ik begjin gelyk.
Wat binne wij bofkonten. Kening winter hat ús 2012 libben dizze winter ferrike mei strange froast. Hearlik dochs?. Kinne wij allegear lekker bûten want it is sa goed foar liif en lea. Wij kinne op iisbanen lekker ride,  mar miskien ek al op fearten. Spitich fan dy snie op it iis fansels, mar oan de oare kant it jout sokke moaie plaatsjes. Fotograven sjitte harren tastellen hielendal fol. En wat is der no moaier as in kompjoeter fol mei winterske foto's.
Ik sjoch út nei nije wike. Want sa't it no liket giet it dan oan. Ja, ja ik bin in echte optimist, want ik wol it ek sa graach. Dat dy 11 stêdentocht komt.
Dat soe sa moai wêze. Dat hâldt myn tinzen al sa lang yn de besnijing.  It sjoch der sa nei út om de hiele dei te klomjen lekker bûten te wêzen oan de route te stean en al dy stoere mannen en frouen oan te moedigjen.
Ik haw it der foar oer want it moaie is dan ek dat it de kommende 15 jier ek net wer stil falt op in jiersdeisfeest. Gewoan efkes ferwize nei 11 febrewaris 2012, de dei dat wij allegear in Fries wiene sa't it bedoeld wie dat Friezen wêze moasten.

Geen opmerkingen: