zondag 19 februari 2012

Karnafal of CCR

It wie juster karnafal. Feest foar de katoliken. Ek yn Snits, middeis in optocht en jûns wat alave en lalalalallale. In goed momint om yn dat selde Snits in feessie te bouwen mei de herfoarmden, de griffermearden, de iepenbieren en de yslamiten.
Yn it Bolwurk dus. Mei de oansprekkende titel "Bolwerk gaat met Creedence terug in de tijd" wiene der oankundigingen west. Der wie in goeie foarferkeap en om 21.00 oere soe de doar iepen gean. Dat waard earder. Der stiene al safolle minsken betiid foar de doar dat it better wie om se der mar yn te litten.
Krekt foar tsjien oere kamen de 3 mannen fan Fortunate Sons op it poadium.
Op dat selde tiidstip gyngen de doarren ticht. It wie útferkocht.
Dêr hiene de minsken binnen fierder gjin boadskip oan. Dy waarden meisleept yn it geweldige Creedence lûd. Toon Eppink, sjonger en gitarist waard strak begeliden troch in bassist en drummer. It meast wat âldere publyk mei in opfallend soad froulju, lieten de fersen der yn gean as de preek yn de âlderling. En der waard lûder meisongen as mei psalmen en gesangen.
I putt a spell on you, Bad moon Rising, He Tonight, it kaam allegear foarbij yn in goeie twa oeren. Wa't net meisong doochde net en wá't it net waarm hie mei ek wol nei de dokter want it ienige minpunt wie wol dat it krekt sa waarm wie as yn eardere tiden bij Bram yn it Park yn Boalsert en ik hie net tocht dat dy waarmterekords út de jierren 70 yn Boalsert noch ferbrutsen wurde soene.
Fortunate Sons wolle it Creedence-lûd yn libben hâlde en dêr slagje se geweldich yn.
Ik kin mij hast net foarstelle dat it karnafal leuker wie. Nee, ik bin der wol wis fan dat ik dit leuker fyn.

Geen opmerkingen: